Weppers woansdei 20-5

Weppers tiisdei 19-5
19 mei 2009
Weppers tongersdei 21-5
20 mei 2009

Berjocht fan Lody
Der is GJIN TRAINEN foar A-en B-junioaren op woansdei 20 maaie 2009!
Groetnis,
Klaas
 
4 Hakkers
4 Hakkers hawwe harren snein yn de Kuip ek best fermakke:

Soenen dizze Hakkers der moandei wol wat fan b(H)akt hawwe?

Futsal 1 en 2?
Moarn is it de lêste dei dat de sealteams opjûn wurde kinne by de KNVB foar de kompetysje foar folgend seizoen. It liket derop dat der folgend seizoen wer 2 teams foar SDS yn de kompetysje útkomme.

Sportief Djiptepunt
Krekt as in protte minsken hie ek it WK sich goed foarbereid op de Bekerfinale tusken it Fean en Twente. Nei in gedegen foarbereiding seachen wij dan ek it Fean mei flag en wimpel slagjen foar de cupfighter test. Wat wij net ferwacht hiene wie dat der in link soe wurre lein tusken it WK bestjoer en Youssouf Hersi. Sels binne wij troch foarneamde troch in sportief dal gien. FC Twente hat foarige wike in kort geding oanspant tsjin it WK welke troch de rjochter mei hurde hân wer ôfwesen. Derneist kin der meldt wurre dat we wol wer “On Speaking Terms” binne mei FC Twente mar dat it nog gjin “ouwe jongens krentenbrood” is.
Mei it foargeande yn de achterhôle woe it WK Bestjoer fannejoun dan ek wer ris in Pré WK organisearje. Oanfang is 19:30 op ut skopfjild (foarhinne foutbalfjild) te Wommels. Bôte sil in krat Amstel regelje. 
Namens it WK-Bestjoer, 
A.I. Alg. Dir. Hendrik Engbrenghof

Net sa handich
Anderlecht en Standard Luik stride yn België yn 2 beslissingswedstriden om de titel. Sa kinne wy de spitsen fan Standard Luik ek wer yn aksje sjen. Mei dizze spitsen (jovanovic en Mbokani) is altiten wol wat te belibjen. Is it net op it fuotbalfjild dan wol op de merke:



Letter mear!