Weppers tiisdei 19-5

SDS League: Sybren pakt 1e priis!
19 mei 2009
Weppers woansdei 20-5
20 mei 2009

In lytse poppe
Lisanne fan Jan Stenekes is juster befallen fan in dochterke. Sy hjit Fardau. Fan herte lokwinske!
Wat sil Jan bliid west wêze dat Lisanne har oan ’t nei de bekerfinale binnenhâlde koe…….

Utslaggen
Wij misse noch wat útslaggen fan ôfrûne sneon. Wa wit de útslach fan E3, E2, en F2.

SDS B1
Nei de dramatyske wedstriid fan justerjûn(4-0 ferlern fan Nijland B1), moatte we noch efkes wachtsje op sportyfe revanche. De wedstriid fan sneon giet net troch en is ferskoot nei tongersdei 28 maaie. De wedstriid begjint om 19.00 oere en dat betsjut dat eltsenien om 18.15 oeren yn’e box weze moat. 
Groetnis,
Jan-Rinse

Topskoarder
Mei noch ien wedstriid te gean kinne wij no al melde dat Harm Auke de topskoarder fan
2008-2009 wurdt. Syn neiste konkurrint Jappie Wijnia sil sneon seker net meidwaan want freed sil Jappie de Alp d’Huez opfytse.

Utnoeging foar alle frijwilligers dy’t holpen ha by de DA1
De SDS-froulju sille 30 maaie mei syn allen in juntsje fuort.
Sy wolle graach alle minsken dy’t harren dit jier holpen ha mei utnoegje om
mei te gean nei it Fean: earst ite, dan bowle, en dan op stap foar de leafhawwer.
Dus alle flaggers, lieders, ensfh….klik
hjir en meldt jimme oan!!

Noch in jier
Harm Abma hat oanûn ek folgend seizoen SDS 3 mei in soad wille wer traine te wollen. SDS 3 is hjir tige wiis mei.

SDS 5
Foar SDS 5 sit it suksesfolle seizoen der hast op. Sneon is it seizoen al fêst mar “útdronken en iten”, sadat dat der net bij yn sjit mocht de lêste tsjinstanner noch ôfbelje.
Yn de tún fan Eddy en Pep wie goed wêzen.

Stoffel wie de barbekjoe opereter. Harm Auke sjocht ta hoe handich dat Stoffel ôfgiet.


Sipke en Ype woene net te faak rinne foar in bierke


En Tjeerd soarge der foar dat wij alle keatsútslaggen fan de KNKB wedstriden fan dy sneon wisten foardat de partijen út wiene. 

Stoffel nimt ôfskie
Stoffel hat in oantal jierren assistent lieder west bij SDS 5. Earst oan de hân fan Durk en dit jier moast hij Eddy fan goeie adfizen fersjen. Tidens de barbekjoe waard Stoffel in tapaslik kado oanbean. Klik op de foto om it filmke te besjen.

Stoffel

Resesje dus…
Yn Opsterlân is de Gemeente fan doel om, y.f.m. de resesje(?!), 4 ton út te lûken foar in kuenstgêrsfjild foar vv De Sweach. VV De Swaech komt namelijk romte te koart. Miskien moat de Gemeente der hjir ek mar ris oer gear om foar SDS soks te dwaan(klik
hjir).

Spannend
Yn Dútslân is it ein fan de kompetysje spannend fansels, mar yn België is it noch spannender. Anderlecht en Standard Luik stride dêr om de titel en hawwe likefolle punten. Mochten sy lyk eindigje dan spylje sy 2 beslissingswedstriden tsjin elkoar. Ôfrûne sneon hienen sy de lêste wedstryd. Anderlecht wûn frij maklik mei 3-0. Standard Luik stie mei 1-0 foar en yn de blessuretiid krige AA Gent in penalty: