Weppers woansdei 20-2

Voetbalschool Noord nijsbrief
19 februari 2013
SDS-Poeisz gebak
20 februari 2013

SDS 1
SDS 1 hat justerjûn oefene tsjin TOP ’63  1. It waard nei 90 minuten in 1-1 einstân. De doelpuntenmakker soe Jelmer Posthumus wêze kinne mar miskien wie it ek wol in e.d.

SDS 2 en 3
Jûn om 20.30 oere trainen yn Snits.
Tongersdei gjin oefenwedstriid.
Groeten,
Marco

SDS 4 en 5
SDS 4 en 5 sille tongersdei wer bûten traine. Sy traine fan 20.15 – 21.15.

Dooitze
Kommende tongersdei is der gjin strikerij. Dooitze kin net, in ferfanger wie net te finen en wij kinne ek net.

Koppie …koppie
De útslach fan de jeugdkwis kinne jim hjoed noch ynleverje.
Dat kinne jim dwaan troch
dit formulier yn te fullen.
Doch it sa ga mooglik want it moat úterlik woansdei 23 febrewaris dien wurde.

SDS League
Noch altiten binne wy drok dwaande om alle teams yn de nije SDS League te setten. Hooplik is dit moarntejûn klear en kinne wy moarntejûn de nije stân hjir op de webside sjen. Wy kinne alfêst in pear dinkjes melde:
-wy hawwe 13 nije dielnimmers
-15 koaches litte harren basisalve stean
-de ôfrûne 2 wykeinen telle foar de earste wykpriis

Humor
In grapke oer Ajax op dizze side levert meast gelyk in tsjinreaksje op fan “wij binne de besten”. No wurde wij wer wezen op
dizze prachtige hystoaryske fotobylden. Graach dien.

Wetter
Der wiene tiden dat der yn Wommels fuotballe waard. It wie in perfekt fjild, der wie allinne ien lestich punt: de fivers. Betiden in grutte lêst om de bal der wer út te krijen. Foar tiidlûkerij wie de fiver ideaal. Dy lju fan Singapore hawwe dúdlik gjin rie frege bij de Wommelsers. Sjoch
hjir.

Harsens derby(961)
Les 1 foar in keeper; altiten de bal fêsthâlde!