Weppers woansdei 20-12-2023

SDS-League: Seriette’s ‘FC Mislintat’ wint de SDS-League!
19 december 2023
Krystweppers
22 december 2023

SDS 2 der op út

SDS 2 hat 2023 ôfslúten mei in gesellige neisit ôfrûne sneon yn Ljouwert.

Bekerje

SDS 2 sit noch yn de beker. Der is fannemoarn lotte en sy meie op sneon 17 febrewaris yn Ljouwert balje tsjin Leeuwarder Zwaluwen 2.

Net mokke, …

SDS 1 traint moarntjeûn net. Sy sille mei syn allen te wokken.

Oefenje

SDS 1 sil op sneon 13 jannewaris thús oefenje tsjin Sleat 1.

Efkes Balje

Op de falreep fan it jier noch in rekôr. Om 12.08 oere wiene der al 8 oanmeldingen yn de app en dan is it wis dat it troch giet.
Ik kin hjir in grut ferhaal pleatse hoe aardich it Efkes Baljen wer wie, mei wat oanfulling út SDS 1, SDS 2 en sc Bolsward.
Hoe spannend it wie, wat effektyf ôfstraffe no krekt is, hoe faak it net trille en de latte en de peal, hoe’t de bruorrestriid him ûntwikkelt, mar wat hingjen bliuwt fan dizze edysje is it geniale lêste doelpunt fan Klaas van der Weg.
In strakke pass fan efteren, dwers troch de midden wit hij mei in eagenskynlik simpele hakbeweging om te setten yn it allebeslissende lêste doelpunt fan de jûn en it jier.
Wij fergeaten nei ôfrin in hanteken fan him te freegjen.
Sûnder hes: Wouter, Frank, Douwe Jan, Folkert Rients, Sipke en Minne.
Mei hes: Robin, Sjirk, Jeroen, Menno, Klaas en Aant

Oene

Op 14 desimber is ferstoarn Oene Hofman.
Hij spile yn de jeugd en noch ien of twa jierren bij de senioren bij SDS.
Hij wie in talintfolle, kreatieve fuotballer, dy’t ek noch in oantal wedstriden yn SDS 1 spile hat.

In nijsgjirrich feitsje is dat hij mei syn broer Siebren de namme fan it klupblêd betocht hat.
Sij wûnen de priisfraach mei de namme  “de Treffer”

Wij fûnen de âlde spilerskaart noch yn it argyf en in foto ut 1971

Steand: master Jan Strikwerda, Ids Boersma, Hendrik Kuiper, Wybren Bruinsma, Jouke Hovinga, Freddy Scheltema, Wytse Lanting, Martin Jorritsma, Floor Kleinjan en master Freark Smink.
Op hurken: Gauke Halbersma, Kees Hofstra, Sjoerd Boonstra, Oene Hofman, Siebren Hofman, Wouter Hijlkema en Anton Houtsma.

De nije Treffer

De nije Treffer leit by ús haadstiper Grafische Groep Van der Eems. Sy hawwe aardich wat drokte mei krystkaarten (sjoch de Ljouwerter Krante fan hjoed), dus as it meisit dan is hy freed 29 desimber klear.

Opjaan foar de SDS-nijjierssit

Hasto dy al opjoen foar de SDS-nijjierssit? Der kin fuotballe wurde of kaarten. Foar it kuierjen of de neisit hoefe je je net op te jaan. Jou dy hjir op.

Harsens derby (2214)

Ho…