SDS-League: Seriette’s ‘FC Mislintat’ wint de SDS-League!

Sneon 16-12-2023
15 december 2023
Weppers woansdei 20-12-2023
20 december 2023

It is Seriette Strikwerda dy ’t de SDS-League wint mei ‘FC Mislintat’.  Sy wint mei 1 puntsje foarsprong op nûmer 2, ‘MarkrEeltje’ fan Marije en Eeltje Postma. Matthijs Postma pakt mei ‘FC Olé Olé’ de 3e priis.
Opfallend is dat FC Mislintat sûnder ek mar ien wykpriis wûn te hawwen de earste priis pakt.

Yn it seizoen 2012-2013 wie it foar it lêst dat de SDS-League wûn waard troch froulju. Jorine van Dijk en Imke van der Leest wûnen doe.

It is ‘De Omropper’ fan Enne J. Bruinsma dy ’t de lêste wykpriis pakt. Hy hat mar leafst 50 punten en bleaun dêrmei Roberts ‘Hoekie-Boys’ en Jan-Harmen Folkerts’ ‘FC Hampus’ krekt ien puntsje foar.

Sneue bak foar Melle de Boer. Hy eindigt mei ‘Piep piep, omke Ate’ krekt ien puntsje ûnder syn omke Ate mei ‘Jammer Melle’. In lytse meifaller is al dat hy fier boppe syn heit Teades ‘Better as Ate’ eindigt.

‘Aan de kant ik moet naar’t stadion!’ fan Sjoerd van Beem draait in teloarstellend seizoen mei in 45e plakje as einrissultaat. It kratsje Hertog Jan fan Jaap Toering wie net in hiele toer om binnen te heljen, want Jaaps ‘Torpedo Toering’ eindigt 68e.

Dy iene wepmaster hat der yn de lêste wike noch alles oan dien om lêste te wurden yn de SDS-League, mar sels 6 punten wie foar ‘Hey Ho, Let’s Go’ noch tefolle om ûnder ‘De Laatste Hoop’ fan Sietze Stoffelsma te eindigjen. Sietze wint de poedelpriis dan ek dik fertsjinne. De SDS-paraplu komt mei de SDS-nijjierssit nei him ta.

Ein jannewaris slút de wintertransfermerke wer en dan meie jim wer trochjaan wat jim team wurdt yn de 2e helte fan de SDS-League. No al nocht yn!

SDS League 2023-2024 earste helte wike 12 eindstand