Weppers woansdei 19-8-2020

Weppers tiisdei 18-8-2020
18 augustus 2020
Weppers freed 21-8-2020
21 augustus 2020

Harkema Opeinde 1 – SDS 1

Justerjûn hat SDS 1 oefene yn Harkema. De earste helte wie foar in dúdlik sterker Harkema. By de rêst stienen sy mei 3-0 foar. De twadde helte wie dúdlik foar SDS wat resulteare yn ien goal. Steven van der Pol wie de skutter. Einstân 3-1. Sneon is de folgende oefenwedstriid thús tsjin vv Nijland 1.

SDS VR1 – QVC VR1

Jûn om 20.00 oere in oefenwedstriid fan dizze beide teams yn Easterein. Publyk is jûn fansels wolkom op oardel meter, mar de kantine is ticht.

Gjin SDS 6…….

Der komt foarearst gjin SDS 6. Yn maaie like it derop dat SDS 6 yn elts gefal 13 spilers hie en dat der noch in pear by komme moasten om yn it nije seizoen los te kinnen. Spitich genôch is dat net slagge. der stoppen sels noch twa jongens en Ruben Fennema gie nei sc Bolsward. Mei 10 man kinne de mannen net de kompetysje yn. De lieders fan SDS 4 hienen al langer belangstelling foar de nije talinten en de measte spilers geane no dan ek nei SDS 4. Wiltsje Aardema en Steijn Groothof geane nei de JO19-1.

Koach foar SDS 2?

Der is in koach fûn foar SDS 2. Ein fan de wike hoopje wy bekend meitsje te kinnen wa ’t dat is.

Geheimskrift

Wij makken ferline wike melding fan it geheimsinnige sms-ke fan in spiler fan SDS 4, dy’t wij net mei namme neamme woene. It ferhaal hat in ferfolch krigen want wij krigen in sms-ke fan in spiler fan SDS 3. Hij easket de rjochten op fan dit keunstwurk, neidat hij syn I-phone wol of net frijwillich ôfstien hie oan……..

“De honeurs moat ik oan myn âldste dochter Dianthe jaan…….. ”
Dat se it berjocht ferstjoerd hat nei de boppeste yn it adresboek (begjint mei twa A-s) is fansels logysk. At de I-phone foar fêst oergien is fan heit op dochter dat sille wij ôfwachtsje

Robot

By vv Scharnegoutum hawwe se de linen op ‘e nij oanbrocht op it haadfjild. Dit hawwe sy dien mei help fan de GPS-robot fan Gert-Jan Hilarius. Dit liket tige de muoite wurdich. Sjoch hjir mar ris.

Harsens derby (2244)

Ho Daan! 😉