Weppers freed 21-8-2020

Weppers woansdei 19-8-2020
19 augustus 2020
Sneon 22-8-2020
22 augustus 2020

Marco Hoekstra nije koach SDS 2

Wy binne bliid om te melden dat Marco Hoekstra de nije koach fan SDS 2 wurden is. It is in skoftke ûnder de pet bleaun om’t der ek noch socht wurdt om in trainer foar SDS 2. Y.f.m. in soad oare drokte slagget it Marco net om ek noch trainen te jaan al soe hy dit wol graach wolle. Der wurdt dus noch socht nei in trainer foar troch de wike.

Corona-maatregels

De kantine is moarn fanôf 13.30 iepen en foar mar 35 minsken beskikber. Op it terras kinne ek noch lju sitte. Lju dy ’t net fuotbalje, mar wol yn de kantine komme moatte harren namme en tillefoannûmer ynfulle op it registraasjeformulier. Yn de rêst sil der bûten kofje skonken wurde. Der mei allinnich sitten wurde yn de kantine en op it terras. Stuollen en tafels meie net ferskoot wurde. De keuken is ticht. Sjoch hjir foar alle Corona-maatregels.

Sneon 14.30: oefenwedstriid SDS 1 – Nijland 1

13.15 aanwezig
13.30 bespreking
14.00 warming-up
14.30 aanvang wedstrijd
1 Jaap©️, 2 Luuk, 3 Erik, 4 Gerwin, 5 Remco 6 Pieter, 7 Peter, 8 Wiebe ,9 Stan 10 Matthijs, 11 Lourens, 12 Jelte-Pieter, 13 Frank (SDS 2⚽), 14 Steven (SDS 2⚽), 15 Teun, 16 Hendrik en 17 Mark (SDS 2⚽).
De wedstriid stiet ûnder lieding fan Dhr. Van der Kooi.

De bus

Soenen de mannen fan vv Nijland moarn ek wer mei de bus komme? Wy binne benijd;)

Sneon 14.30: oefenwedstriid VVI Vr.1 – SDS Vr.1

Vertrek Easterein: 13.00 uur
Wedstriid: 14:30 uur
Selectie: Annemiek, Dina, Elske, Femke, Hester, Janieke, Kirsten, Marjo, Marrit, Menna (MO17), Petra en Sieta.

Sneon 12.00: oefenwedstriid SDS 2 – Nijland 2

SDS 2 oefent sneon om 12.00 oere thús tsjin vv Nijland 2. Dit is de seleksje foar moarn:

De wedstriid stiet ûnder lieding fan Enne-Jehannes Bruinsma.

Kompetysje-yndielingen

De KNVB hat fannemoarn op Voetbal.nl ferskeidene kompetysje-yndielingen bekend makke. Efkes snel sjoen hat SDS 3 in tige drege kompetysje en meie sy u.o. nei Urk 6. SDS 5 mei it Noarden fan Fryslân yn en JO19-1hat ek in drege kompetysje. Alles kinne jim fine op Voetbal.nl en moandei fêst ek hjir op de webside.

Dielshûs

Y.f.m. de Corona-maatregels meie der mar 35 man yn de kantine sitte. Dêrneist is de Jimbar ek nochris ticht. Om dit gemis op te fangen hat Jolanda moarn as proef it Dielshûs iepen fanôf in oer as 18.00 oere. Alles op oardel meter fansels! Yn de kantine is de keuken ticht, mar Jolanda sil de bitterballen fanôf 17.00 oere fêst klear hawwe.

Oefenje

Tiisdei oefent SDS 2 thús tsjin Scharnegoutum 2. De wedstriid begjint om 20.15 oere.

Harsens derby (2245)

Ho!