Weppers woansdei 19-12-2018

Weppers moandei 17-12-2018
17 december 2018
SDS-League: ‘Vellinga-Dijkstra’ pakt de wykpriis!
19 december 2018

Bekerlotting; SDS 1 – sc Twijzel

Justerjûn wie de bekerlotting fan de 4e ronde fan de Noardelijke Distriktsbeker. Der sitte noch 32 ploegen yn. Foar SDS kaam sc Twijzel út de koker. SDS spilet op sneon 23 febrewaris thús tsjin sc Twijzel. Twijzel spilet yn de 3e-Klasse B en stiet op dit momint 6e, krekt boppe Waskemeer wêr ’t SDS yn de 2e bekerronde fan wûn hat. Twijzel fersloech yn de 2e ronde fan de beker sv Haulerwijk mei 2-0 en yn de 3e ronde vv Dronrijp mei 6-1. Yn de bekerpoule wûnen sy fan Blija (4-7), VCR (3-0) en Drogeham (11-0).
De hiele lotting foar de 4 ronde sjocht der  sa út.

Grote Clubactie

De Grote Clubactie smyt SDS dochs elts jier in aardige smak jild op. Dit jier bard SDS in sjek fan mar leafst €960,-
By SDS binne ek noch 4 prizen fallen. Jim kinne hjir sjen as jim ien fan de lokkigen binne. Sjoch gau en lit ús witte wat je wûn hawwe op info@vv-sds.nl!

SDS’er der op út!

Habtamu de Hoop mist de earste wedstriden nei de winterstop by SDS 1. Hy sil mei syn familie nei syn bertelân Etiopië. Begjin febrewaris is hy der wer.

Hendrik Okkema lid ôf

Nei mear as 45 jier hat Hendrik Okkema syn lidmaatskip opsein by SDS. Hy spile jierren yn SDS 1 en hat ek noch jierren sealfuotballe. De lêste jierren kaam it der net mear fan. Der binne noch mar 4 leden fan SDS dy ’t langer as Hendrik lid binne. Witte jim wa ’t dit binne? Mail it nei info@vv-sds.nl.

In stikje oer Hendrik út 1983

Sneon 5 jannewaris SDS-nijjierssit mei fedettes

Foar it fuotbalmikstoernoai op de SDS-nijjierssit op sneon 5 jannewaris hawwe wy al in pear fedettes strikke kinnen dy ’t ek meidogge. Sa komme Martin Rienstra, Freek Tichelman en Mark Postma (en miskien Kees Adema ek wol) wer ris harren keunsten sjen litten en lûke Douwe Posthuma en Okke van der Kamp ek harren fuotbalskuon oan.
Jou je ek op by je leider of hjir.

Oefenprogramma SDS 2

Trainer Okke van der Kamp hat foar SDS 2 ek in oefenprogramma opsteld. Sa ’t it no stiet begjinne sy tiisdei 8 jannewaris wer te trainen en sille sy 3 kear oefenje foar ’t sy op sneon 9 febrewaris foar de kompetysje tsjin Leovardia fuotbalje meie foar de kompetysje.

19-jan-19 Oefen: Rottevalle 2 – SDS 2
26-jan-19 Oefen: SDS 2 – AVC 2
02-feb-19 Oefen: SDS 2 – ONT 2

De nije SDS-League

Jûn om 18.58 oere komme wy wer mei de nijste stân fan de SDS-League. Soe ‘Hakuna Matata’** noch boppe-oan stean?

Harsens derby (2086)

Dit is pas ferdedigjen!

 

Letter miskien wol mear!