SDS-League: ‘Vellinga-Dijkstra’ pakt de wykpriis!

Weppers woansdei 19-12-2018
19 december 2018
Weppers freed 21-12-2018
21 december 2018

It is dizze wike ‘Vellinga-Dijkstra’ fan Steven Vellinga en omke Harm Dijkstra dy ’t mei 63 punten de wykpriis pakt. Sy hawwe krekt 4 punten mear as ‘Eyong Tarkan Enoh’ fan Watze-Jacob van der Wal. Om de prizen sille sy net mear meidwaan, want mei in 41e plak sit dat der net mear yn.

‘Hakuna Matata’** fan Hendrik de Jong giet it lêste wykein yn mei 6 punten foarsprong op nûmer 2, ‘Henkie Cola’ fan Matthijs Postma. ‘Subleaguewinner 2018’ fan Eeltje Postma docht lykas ‘FC FRickandel’ noch in úterste ynspanning foar de titel. Beide steane no dield tredde mei 13 punten efterstân. ‘Postmeister’ fan Jelmer Posthumus en ‘Better Call Thorsby’ lykje net mear yn oanmerking te kommen foar de titel mei in efterstân fan respektivelijk 18 en 19 punten.

Mocht ‘Hakuna Matata’** fan Hendrik de Jong de SDS-League winne dan is hy heechstwierskynlik in grut part fan syn prizenjild al gau kwyt………. Sjoent dat de SDS-League aardich populêr is yn East-Afrika kin ien en oar noch wolris in stutsje krije……. Sjoch hjir mar ris!


Hoesa ‘gjin soargen’?

‘Henkie Cola’ fan Henk Postma nimt alfêst in flinke opsje op de reade lantearn en it liket der op dat hy mei 15 punten efterstân efteroer leune kin.

 

SDS League 2018-2019 stand earste helte wike 12