Weppers woansdei 18-8

Weppers tiisdei 17-8
16 augustus 2010
Weppers tongersdei 19-8
18 augustus 2010

SDS4,5 en 6
Nei tiisdei wolle se it ritme fêsthâlde. Dus moarn om 20.15 traine. Foar de SDS 5 spilers miskien ek net ferkeard want sneon wachtet de bekerwedstriid tsjin Oeverzwaluwen

SDS DA1 traint jûn
SDS DA1 traint jûn om 19.00 en de DA2 om 20.00 oere.
Sietse Kooistra en Bauke Dijkstra joue beide teams dit jier trainen. 
Groeten Anke

SDS 1 wint yn Starum
De earste oefenwedstriid fan it nije seizoen hat foar SDS 1 resultearre yn in 1-3 winstpartij tsjin QVC 1. Alle goals foelen yn de twadde helte. Foar SDS waarden se makke troch Sytse Kooistra (2) en Jacob van Wieren.

E5
At in gefolch is fan it Wk, is net wis, mar feit is dat der in flinke tarin is fan E-tsjes en F-kes. It is sels sa fier dat der besluten is dat der in E5 bijkomt. Dat betsjut dat de yndielingen sa’t dy  makke wiene, wer feroare binne. Sjoch bij jeugd.

E4 en E5
E4 en E5 traine de earste wiken allinne op moandei. Foar de woansdeis moatte earst noch trainers socht wurde.

E3
E3 traint hjoed om 17.30 oere. De kâns is grut dat dit de fêste tiid wurdt op woansdei. Op moandei traint E3 altyd om 17.30 oere.

Algenimene ynformaasje
Fan de jeugdkoordinator noch it fersyk om oandacht te jaan oan it folgende:

SDS zorgt voor wedstrijdshirts bij de jeugd. Schoenen, scheenbeschermers en een zwarte sportbroek dien zelf te worden aangeschaft bij een sportzaak.

Voetbalsokken van SDS zijn verkrijgbaar op wedstrijddagen (zaterdag) voor 10 Euro per paar in de bestuurskamer. Via de webwinkel (zie banner rechts)kunnen zaken als trainingspakken en – kleding verkrijgbaar worden besteld, zit wel een levertijd op.

Verder krijgen nieuwe jeugdleden z.s.m. via de jeugdcommissie een informatiepakket over het reilen en zeilen van de jeugdafdeling van SDS.

Limonade en tee

In het nieuwe seizoen worden er geen limonade/thee meer bij de jeugd in de boxen gebracht.
Limonade/thee kan je gewoon ophalen in de keuken van Skoalleseize(deur naar buiten is speciaal toegangelijk hiervoor) 
Ook is het een taak voor de leiders om de tegenstander even hierop te wijzen, of anders zelf even te bezorgen.
Het zal even wennen zijn, maar het voorkomt een hoop ergenis en knoeiboel met deze nieuwe regeling.
Voor evt vragen staan we natuurlijk altijd open.
groetjes, Andre Vink

vv SDS

Utslagen
De earste (oefen) wedstriden wurde dizze spile al wer spile. Wij soene it tige op priis stelle dat de útslaggen en bijsûnderheden nei ús maild wurde. En dat jildt net allinne foar de senioren mar seker ek foar de jeugd en de froulju.
Mail it altyd nei beide email adressen, dat fergrut de kâns dat it der gau op stiet.
info@vv-sds.nl en sds-nijs@home.nl

It begjin

Nei it geweld fan it WK en de Freule op it skopfjild yn Wommels, wie it juster tiid foar it bettere gean-en-fleanwurk fan in oantal SDS-ers. De “âlve F16’s en twa Dakota’s” makken gong, skeurden oer en boppe it fjild en makken loopings. En de knallen fan justerjûn kamen út Wommels want meardere F16’s gyngen troch de lûdsbarriere. Der waard seker net mei losse flodders sketten.  De doelen wiene nettsjinsteande de lytse omfang en de tsjustere wolken goed te finen. En tusken de snelheid fan de F16 wiene dêr de twa oerdeeglike Dakota’s dy’t harren taktysk yn it “loftrom” beweegden.
De F16 piloten wiene Bram, Ids, Thomas, Sytse, Martijn, Johan, Bas, Bram, Jan, Steffen en in ûnbekende. En de Dakota piloaten? Dat wiene Ids en Aant. In nuttich oefenpotsje en de kommedant wie dan ek tige tefreden.

Letter mooglik mear