Weppers tiisdei 17-8

Weppers moandei 16-8
15 augustus 2010
Weppers woansdei 18-8
17 augustus 2010

Tillefoannûmer
Jaap de Blaauw jout ús troch dat syn tillefoannûmer net goed op de side stie. It goeie nûmer is 06-53 312 306

SDS 4,5, en 6
Tiisdeitejun 8 oere wurdt der balle op it skopfjild fan Wommels troch een oantal fan ‘e roedel fan 6. Dit ûnder it motto: It bier fan’e freule, pc, snitswike ensf. der even út switte. As der noch minsken fan it 4e en 5e meidwaan wolle, soe mooi wêze, ken we even gruttere partyen meitsje! Sjoch jim tiisdeitejun 8 oere
Sytse Hibma

In stek
It wie net allegear like dúdlik juster mei de trainingen.
De oantal spilers fan F1, E3 en E4 hawwe justermiddei al efkes meielkoar traind. En der waard switten om it libben. Wessel Schraa (E3) die al gau syn sjurt út mar it like wol of de wespen dêr op sieten te wachtsjen. Yn grutte getale kamen se oansetten. Steven van der Pol hie pech. Hij krige in stek yn de nekke. Hiel ferfelend foaral omdat hij it plak net sjen koe en de oaren wol. Doe’t Wessel syn sjurt wer oandie, ferdwûnen de wespen as snie foar de sinne, allinne it stekplak fan Steven bleau oer.

Trainingen F1
De jongens van F1 trainen 2x per week, op maandag en op woensdag.
Trainingstijden:
Maandag   : 17.00 tot 18.00u, Theo Postma.
Woensdag : 17.00 tot 18.00u, Jelmer de Boer.
De eerste training is op woensdag 18 augustus o.l.v. Jelmer de Boer.
Zaterdag a.s. is de eerste bekerwedstijd, meer info volgt zsm.
Zou iedereen van F1 even zijn e-mail adres naar mij willen sturen.
Theo Postma
Postma27@kpnplanet.nl
0515-569984

Skûtsje poule
Witte jim it noch wa’t ûnder oan stiene yn de WK poule fan SDS? Krekt Immie en Aant. Sij hawwe harren konkluuzjes lutsen en binne op syk gien nei in oare sport om dêr sjen te litten dat se dêr wol ferstân fan ha. Nei 3 wiken skûtsjesilen koe de balans opmakke wurde bij Omrop Fryslân. En mei grutskens litte sij witte dat se fan de goed 300 hûndert dielnimmers op it 18-de(Immie)  en 11-de plak (Aant) einige binne. Op it earste plak stiet K. Kamstra mar wij binne der fan oetsjûge, dat wij dy net kinne.

Wizigingen
De earste wizigingen binne al wer oansteande.
– SDS C1 speelt vrijdagavond(20-8) om 19:00 
– SDS B1 is zaterdag 21 aug vrij  — vervangende data komt nog.

Letter mear