Weppers woansdei 17-6

Weppers tiisdei 16-6
16 juni 2009
Kondysjetraine mei Dooitze
17 juni 2009

Ynsiede

It trainingsfjild is op ‘e nij ynsiede. No mar hoopje dat it wat groeie sil fan ’t simmer.

Útsje SDS A1
SDS A1 is derop út west. Hjoed of moarn komt der hjir in útgebreid ferslach fan Klaas Pompstra. Hjir alfêst de earste foto:


WK
Jûn om 19.30 sil der wer in WK plakfine op it skopfjild fan Wommels.

Spylskema
De KNVB kin begjinne oan de kompetysje-yndielingen foar de jeugd en de rest fan de senioaren by de amateurs, want it spylskema fan de Eredivisie is klear(klik hjir).

Keatse?
As der noch fuotballers binne dy ’t freed meidwaan wolle oan it feestkeatsen yn Wommels dan kinne dy harren oan’t fannemiddei 18.00 opjaan yn de keatskantine.

Vuvuzela
Wy hawwe al neat mei de Confederations Cup en dat sy dêr dan ek noch 90 minuten lang op Zulu-hoorns blaze tidens de wedstryd helpt al hielendal net. Wy mienen al in wespenêst yn de efter de tillevysje te hawwen:


Nijs?
Mail it nei
info@vv-sds.nl!