Kondysjetraine mei Dooitze

Weppers woansdei 17-6
17 juni 2009
Weppers tongersdei 18-6
17 juni 2009

Eltse tongersdeitejûn jout fersoarger fan SDS 1, Dooitze Nauta, in rintraining oan in stik of wat jonges. Jûn earst foar de lêste kear om ’t Dooitze op fakansje sil. Wat hâldt dizze rintraining presys yn en wat is it doel. Wy hawwe Dooitze om útlis frege. Hjir syn ferslach:

Ik ha fan de meitiid de seleksje foarsteld om troch te trainen tiidens de simmerstop.
Gjin foutbaltraining, want der kin ik net mei ut de fourten, mar looptraining, kondysjetraining, as hoest it mar neame wolst. It bestjoer fûn it ek prima, en we hawwe tagong ta de fjilden.

In select selskip hat sich opjûn.
Dit binne:

Tsjipke
Anne
Redmer
Jaap
Hendrik
Erik
Gert Jan
Robert
Durk Yde
Dick
Tsjalling


In stikmennich kinne fansels net, as binne blesseard, as soksawat, mar it giet hoe dan ek troch, as soe der mar ien weze, dan kin iksels ek noch meidwaen.
Ik doch it allinich op tongersdei, ien keer yn de wike, eins te min, derom hald ik de rinners foar dat se sels ek nog wat dwaen moate. Bygelyks it WK.

Fansels hat dit in doel. Kondysjoneel better wurde. Yn de simmer it úthaldingsvermogen (UHV)  traine, troch looptraining, en derneist ek de sprongkracht ferbetterje troch it jaen fan krachttraining.
Fanôf augustus wurdt it dan meer it koarte wurk, wertroch it lichaam in oar energiesysteem brukt. Sitte we mei zuurstofskuld te trainen. De basis is dan it UHV. En dit wurdt yn oerlis mei Dick S yntegreerd yn de reguliere training.

Al mei al is it doel dat spilers yn de wedstryd sneller herstelle, langer troch gean kinne, en ek better wurde yn de sprint. Ek yn de duels moate se sterker en better wurde. 3 moane neat oan dyn kondysje dwaen kin neffens my net, en hat syn werslach yn de wedstriden.

Ik bin ferline wike begun mei in lytse test. De opdracht wie, (nei de warming up) in 1000m sa constant mogelijk te rinnen.
Hjirûnder de tiden en de gemiddelden. It gong dus net om wa it hurdst rinne kin, mar om de constante factor, foar elts individueel, en der hawwe se allegear oan foldien.


1000m series 4 juni 2009, SP 4 a 5 min.

NAAM 1 2 3 4 5 6
km/u
laatste ronde

Jaap 4.11 4.09 4.07 4.06 14,6

Hendrik 4.37 4.39 4.45 4.47 12,5

Erik 5.02 4.58 5.01 5.01 12

Gert Jan 4.00 3.57 3.59 3.59 12,1 (800m)

Durk Yde 4.30 4.26 4.27 4.25 13,6

Mei freonlike groetnis,
Dooitze Nauta

Yn it bewarnûmer fan de Treffer sil Dooitze mear fertelle oer herstel- c.q. kondysjetraining.