Weppers woansdei 16-3

Weppers tiisdei 15-3
15 maart 2016
Weppers tongersdei 17-3
16 maart 2016

Makkum 1 – SDS 1
Jim wolle fansels ek graach alles witte fan Makkum en SDS. Mei it each op it kommend wykein hat VoetbalNederland wer in moai oersicht makke. Sjoch
hjir

SDS seal
Jûn om 20.30 kinne jim wer fan it sealfuotbal genietsje yn de sporthal yn Easterein. Om 20.30 ûntfangt SDS 1 – Bolsward 7.

Nei Avonturenpark Hellendoorn!
SDS hat dit jier wer 25 koartingsbonnen krigen fan Avonturenpark Hellendoorn. Mei de bon kostet it €18,50 p.p. (oars €28.95). Ien bon is foar maksimaal 6 persoanen en jildich fan 27 maart oan 30 oktober. Wa ’t graach in bon hawwe wol kin dy sneon ophelje yn de kantine yn it wedstrydsekretariaat.

Op it húske………
Mocht de foarsitter fan SDS ris yn de SDS-kantine op it húske sitte en hy ropt om help, dan liket it ús ferstannich om him ta help te sjitten. Oars kin it wolris min mei je ôf rinne………….. (klik hjir).

Balletfuotbal

Wij kinne ús efkes net safolle foarstelle bij balletfuotbal mar op de Opslach yn Wommels wol. Je dogge it yn alle gefallen yn de sjurts fan SDS.

Harsens derby (1690)
It is ús no dúdlik wêrom ’t de spilers fan SDS nei de sportskoalle west binne. Sy binne fan doel faker te skoren……….