Weppers tongersdei 17-3

Weppers woansdei 16-3
15 maart 2016
SDS League: FC Boekelaar pakt wykpriis!
17 maart 2016

Seal: SDS 1 wint rom
De sealfuotballers fan SDS hawwe justerjûn rom wûn. Sy wûnen mar leafst mei 15-3 fan sc Bolsward 7.

Earder
SDS 3 soe sneontemiddei om 15.00 oere, mar de tiid is no 14.30 oere. Thús tsjin sc Bolsward 3.

Stil
De sneon foar peaske is it normaalwei al stille sneon. Dit jier moat SDS fuotbalje tsjin WPB op stille sneon. Yn Snits. It wurdt in hiele stille sneon. Letterlik en figuerlik. Sjoch
hjir.

Kantine
Fannejûn wurdt it wer in noflike jûn yn de kantine. Robert Sybesma stiet efter de bar en de Europa-League-kraker Manchester United – Liverpool is te sjen op it grutte skerm.

SDS 3 en 4 traine
Wy nimme oan dat SDS 3 en 4 jûn écht foar it earst nei de winterstop wer bûten traine sille. Mei sok moai waar moat dat slagje tochten wy sa.

SDS League
Spannend, spannend, spannend! De nijste stân fan de SDS League leit jûn yn de kantine en stiet hjir jûn let op de webside.

Net sjoen………….
De moaiste wedstryd yn de Champions League juster wie fansels Bayern München – Juventus. Spitich genôch wie dy allinnich net te sjen op SBS 6. Gelok foar de lju dy ’t wisten dat de wedstryd wol op de ZDF te sjen wie………


Harsens derby (1691)
Hjir giet de bal neist, mar de sealfuotballers fan SDS hawwe justerjûn fêst in kear sa skoord:







Letter miskien mear!