Weppers woansdei 16-2

Weppers tiisdei 15-7
14 juli 2008
Weppers tongersdei 17-7
16 juli 2008

Bekerprogramma SDS
Op 16 augustus meie de earste teams fan SDS los yn de beker. Sjoch
hjir foar it programma oan ’t en mei 31 augustus.

Net mear op de fyts
De KNVB hat de sportyfste feteranenploech fan Frysân straft. Alteast oars kinne wij it net útlizze dat de mannen fan SDS 5 feroardield binne ta fiere reizen. Wêr’t se ferline jier noch fytsten nei Skearnegoutum, nei Snits, nei Tsjom sil it fytsen no wol neat wurde: Menaam, Bitgum en Berltsum lykje no it tichtste bij.
De fierste reis giet nei Broekster Boys en Feanwâlden.

Jos
Ferline wike tiisdei troffen wij Jos Zonderland ek bij de wedstryd Nijlan – Cambuur. Net yn funksje mar as oplettende taskôger. Wij woene fansels witte werom: “Om wat te wennen oan de kleuren”, sei de takomstige WPB-er.

Kleur skuon
At je bij in nije klup komme, dan moatte je der wol foar soargje dat je witte hoe’t it sit mei de kleuren, de histoarje en de meast hatelike tsjinstanner. Farfan, die dat net. Dan krije je
dit.

4-Daagse(1)
3 SDS-supporters hawwe it yn de holle krigen om de 4-daagse fan Nijmegen te rinnen. Freddie Scheltema, Jacob Kooistra en Popko Wijnia rinne eltse dei 50 km. Juster binne sy begûn en freed is de lêste dei. Út betroubere bron hawwe wy fernaam dat sy juster alle 3 in makkie hân hawwe. It sil ús benije hoe ’t it de kommende dagen giet.

Maat

Floris Hiemstra seit altyd dat er mar ien maat hat yn Wommels: de pinautomaat. Erik hat takem jier hielendal gjin maat mear sa as it no liket. En at je gjin jildprizen mear winne is de pinautomaat seker je maat net. Henk Bootsma maake snein yn Boalsert noch in foto fan ús maat (net foar it keatsen) en wij begripe net dat dizze stylfolle keatser maten sykje moat yn ……Australie.

S(teltsje) D(omme) S(treakers)(3)
It is net altiten maklik om in streaker te pakken. Je moatte al in maskotte hawwe dy ’t op rugby sitten hat……..