Weppers woansdei 16-10-2019

Weppers moandei 14-10-2019
14 oktober 2019
Bekerwedstriid LSC 2 – SDS 2
17 oktober 2019

Jou dy no op foar it 25e Meinte-Sixma-toernoai

Op dinsdag 22 oktober aanstaande is het weer tijd voor het jaarlijkse Meinte Sixma toernooi.
JO-8 tot en met JO/MO-13 van zowel Nijland als SDS gaan dan met elkaar de sportieve strijd aan in een mixtoernooi. Dit jaar is het al de 25e editie en daar zullen we extra bij stil staan!
Klik hier om je op te geven!
Het spektakel start om 14 uur.
De jeugdcommissie vv SDS/vv Nijland

SDS 1 sneon thús tsjin CVVO 1

Wêr ’t guon teams sneon bekerje of ynhelje meie spilet SDS 1 gewoan in kompetysjewedstriid tsjin CVVO 1.

Lampen keunstgers

Der fleant op it heden wol gauris in stop út by it oandwaan fan de lampen rûn it keunstgersfjild. It is saak om se oan te dwaan neffens it skema dy ’t yn it kassahokje hingje, om t de stoppen der oars útfleane. Alfêst tige by tige!

Lampen efter de sporthal

Efter de sporthal bliuwe de lampen noch wolris brânen. Wol elkenien der om tinke dat de lêste dy ’t klear is mei it trainen se út docht? Alfêst tige by tige!

OFK

Yn jannewaris is der wer it Iepen Frysk Kampioenskip sealfuotbaljen yn Frjentsjer. De lotting sil wêze op freed 15 novimber. Foar SDS dogge sawol SDS 1 fjild as SDS Vr.1 mei.
Foto fan Wykels Hallum

SDS-kat

No ’t it wetter op it heden wat heech stiet meie de mûzen leaver op keunstgers as op gers. Lokkich wit de SDS-kat dêr wol ried mei……..

Harsens derby (2168)

Kappe!!