Weppers moandei 14-10-2019

Sneon 12-10-2019
11 oktober 2019
Weppers woansdei 16-10-2019
15 oktober 2019

Dizze wike

Der is dizze wike wer in soad fariaasje yn it fuotbal. Yn de seal meie se los, SDS 2 bekert op woansdei yn Snits, freed komt SDS Vr.2 yn Easterein yn aksje en sneon binne der tal fan bekerwedstriden en kompetysjewedstriden. Letter dizze wike de oankundigingen.

SDS 2 bekert tsjin LSC 2

SDS 2 traint tiisdei net om ’t sy woansdei bekerje meie tsjin LSC 2. De wedstriid is woansdei om 20.00 oere yn Snits. It sil wol in drege pot foar SDS 2 wurde. LSC 2 spilet namelijk Reserve-Haadklasse sneins en steane dêr twadde op de ranglist.
De seleksje fan SDS fertrekt om 18.55 oere út Easterein.
Seleksje: Sjoerd W, Jort, Jurjen, Robin, Jesse, Niels, Bauke, Luuk, Wesley, Steven, Ewout, Tjeerd, Tjitze en Kevin.

Wike fan de skiedsrjochter

Om ’t it de wike fan de skiedsrjochter wie krigen de skiedsrjochters by SDS sneon allegear in stikje gebak.

Stijn Schildkamp mocht twa stikjes, want hy fluite moarns de JO12-1 en flagge dêrnei by de JO19-1.

Moai gebaar


De skiedsrjochter fan tsjinst bij SDS 5, Enne Bruinsma, krige ek fan de tsjinstanner de Wâlde 3 in aardichheidsje yn it ramt fan de skiedsrjochterswike.

Femke


SDS Vr1 wûn sneon mar leafst mei 17-0. Twa froulju skoarden in hattrick (Jildou Sweering en Jeska Terpstra) en Femke Terpstra skoarde sels in dûbele hattrick.

Doelpuntenoersicht

It sil jim net ferbaze dat de topskoarder fan SDS  op dit momint fan it froulik geslacht is. Femke Terpstra hat er al 10 makke yn trije wedstriden. De totale list kinen jim hjir sjen.

Harsens derby (2167)

De spits fan Almere City skoorde juster tsjin Go Ahead Eagles en kocht der lyk ien op……….