Weppers woansdei 15-6

Weppers tiisdei 14-6
14 juni 2011
Weppers tongersdei 16-6
16 juni 2011

Seal: Gjin SDS 1
By SDS 1 stopje Jaap, Tsjipke, Freek, Peter en Ruurd om ferskeidene redenen mei sealfuotbaljen. Om ’t der net folle animo is om de seleksje te fersterken komt SDS 1 kommend seizoen dan ek net út yn de kompetysje. Hooplik yn it seizoen 2012-2013 wol wer. 

Opereard
Ferline wike is Grytzen Broersma oan syn knibbel opereard. Wat der presys dien is witte wy net. Wy wolle him hjirby yn elts gefal betterskip tawinskje!

Feest-WK
Tongersdeitejûn wer it Wommelser Kampioenskip.
It begjint om 20.00 op it skopfjild fan Wommels. Y.f.m. de Wommelser merke kin der nei de tiid efkes neisitten wurde. Eltsenien graach €2,- meinimme.

Jeu de Pelote
Dizze wike binne de finales fan it Iepen Frysk Kampioenskip Jeu de Pelote yn Easterlittens. Juster hat Wommels ferlern fan Winsum en Easterein wûn fan Spannum. Dit betekent dat Easterein jûn tsjin Winsum moat(klik hjir).

Transfernijs(2)
Der sille wer hiel wat “tranfer”berjochten ferskine de kommende wiken. Meastal is mear as de helt net wier. Hjoed kinne wij melde dat
-FC Twente Adriaanse wol
-Van Gaal yn de belangstelling fan Vitesse stiet
-Kaka werom mei nei Milan
-Sneijder Manchester United wol wat liket
-De Guzman nei Valencia, Atletico Madrid of Lazio kin
-Alexis Sánchez nei Manchester(City of United) giet
-Hofs wol wer nei Feyenoord wol
-Mathijssen ek nei Malaga giet

Harsens derby (493)
Dit is seker net de beste “Panenka”:



Letter miskien mear!