Weppers tongersdei 16-6

Weppers woansdei 15-6
15 juni 2011
Weppers freed 17-6
16 juni 2011

Slagge?
Martin Rienstra heard hjoed of hy slagge of sakke is foar de VAVO(Voortgezet Algemeen Volwassenen Onderwijs ). Wy helpe him hoopjen dat hy slagge is.
hspace=0
Sa ’n grutte keardel moat dochs wol slagge wêze foar de VAVO!

Jeu de Pelote
Dizze wike binne de finales fan it Iepen Frysk Kampioenskip Jeu de Pelote yn Easterlittens. Justerjûn hat Easterein wûn fan Winsum. Dit betsjut dat Easterein jûn yn de heale finale tsjin Easterlittens moat(klik
hjir).

Transfernijs(3)
Der sille wer hiel wat “tranfer”berjochten ferskine de kommende wiken. Meastal is mear as de helt net wier. Hjoed kinne wij melde dat
-FC Twente him melden hat foar Fer
-Barcelona Boilesen wol wol
-Chelsea Modric wol hawwe wol
-Rijkaard ek yn de belangstelling fan Vitesse stiet
-Adebayor miskien wol nei Blackburn Rovers giet
-Fabregas nooit nooit tsjin Real Madrid seit en Cristiano Ronaldo soks tsjin Barcelona seit……..

Feest-WK
Jûn wer it Wommelser Kampioenskip.
It begjint om 20.00 op it skopfjild fan Wommels. Y.f.m. de Wommelser merke kin der nei de tiid efkes neisitten wurde. Eltsenien graach €2,- meinimme.

Oefenwedstryd VV Kollum – SC Cambuur
De wepmaster fan VV Kollum lit ús witte dat VV Kollum 1 op tiisdeitejûn 5 july om 19.00 thús oefent tsjin SC Cambuur. Hy hopet op in bult taskôgers.


Sletterace
Guon SDS’ers sille jûn ek wol wer meidwaan oan de sletterace op de Wommelser Feesten. It begjint om 19.00. Ferline jier dienen der yn elts gefal al in stikmannich SDS’er mei as wy dit filmke sa sjogge.

Harsens derby (494)
Miskien in idee om jûn by it “feest-WK” sa ôf te traapjen?


Letter hjoed miskien wol mear!