Weppers woansdei 15-12

Weppers tiisdei 14-12
13 december 2010
SDS League: Klaas giet foarop!
16 december 2010

Winterstop

Voor diegene die het nog niet wist: A1 en B1 gaan in de winterstop.
Tot volgend jaar, groeten Lody

Ek winterstop
De froulju geane de winterstop yn wat it trainen oanbelanget. Se krije fan ús wol wer te hearen wannear we wer begjinne.
Bauke en Sytze

Woansdeitejûn sealfuotbaljûn
SDS 2 spilet jûn om 20.30 thús tsjin RES 5.
SDS 1 is frij.

Sealtraine
De fjildfuotballers fan SDS 1 traine jûn yn de seal yn Easterein fanôf 21.30. Allegear efkes in eurootsje meinimme.

Sealtoernoai B en C junioren

                      18 DESIMBER
 
           Opjaan by Bote Strikwerda
                bote_6@hotmail.com
(opjaan kin oant en mei hjoed!)

Krystsealtoernoai yn Frjentsjer
Kommende sneon binne de earste foarrondes fan it jierlijkse Krystsealtoernoai fan Frjentsjer yn de Trije. Der docht ek in ploegje SDS’ers mei. Jaap, Feite, Jacob-Klaas, Erik, Tsjipke, Skelte en Willem sille probearje in pryske yn de wacht te slepen.
Der dogge ek noch mear SDS’ers mei. Sa spilet b.f. Geert Dijkstra by Frankena Winsum en by Ulenburgh Adviseurs spylje û.o Wytze Lanting, Martin Rienstra, Freek Tichelman, Jildert Hylkema en Sicco Scheltema.
Sneontejûn 18 desimber binne de foarrondes fan dit toernoai en snein 26 desimber(2e Krystdei) de rest fan de foarrondes en de finales. Sjoch
hjir foar de spylskema’s.

SDS-frouljussealtoernoai
Op moandeitejûn 27 desimber (“3e Krystdei”) is der wer it jierlijkse SDS-frouljussealtoernoai. Hâld de webside yn de gaten foar it opjaan foar dit toernoai.

Famkes C-junioaren-sealtoernoai
Op moandei 27 desimber is der ek in sealfuotbaltoernoai yn de sporthal yn Easterein wer ’t gjin team fan SDS oan meidocht. It giet om de foarrondes fan it KNVB-Krysttoernoai foar C-junioaren-famkes. Dit begjint om 9.00.

Harsens derby (356)
Sokke goals kinne allinnich mar yn Argentinië makke wurde: