SDS League: Klaas giet foarop!

Weppers woansdei 15-12
15 december 2010
Weppers tongersdei
16 december 2010

Mei noch ien wike te gean is de spanning te snijen boppe-yn de SDS League. Dochs feroaret der net folle. “Team Klaas”(Dijkstra) stiet noch gewoan boppe-oan en rint sels ek noch út op de rest. Hy hat mei noch ien wike te gean 13 punten foarsprong op nûmer 2, “Hey Ho Let’s Go”(WW) en 17 op nûmer 3 “de Wrotters” fan Appie Posthumus.

“The Ninja Turtles”(Tom & Pieter) stean 4e yn de SDS League mar wienen fannemoarn net sa wiis doe ’t sy it AD iepensleinen. “Wa leit
dêr op de grûn heit?””Dat is Van Wolfswinkel”. “Shit, dy hawwe wy yn de SDS League……………”
Nei Suarez en Ruiz is harren foarhoede no dus hielendal fuort.

De grutte ûnbekende yn dizze SDS League, Henriëtte van Weperen út Oldeholpade, pakt dizze wike de wykpriis mei “Henkies Elf”. Sy hie 42 punten en docht it dêrmei stikken better as b.f. har freon Arjan Posthumus.
Ien ding mei dan ek wol dúdlik wêze dizze edysje fan de SDS League. “Natte Arie”(Posthumus) spilet dit kear as in wiete spûns. No sakket hy wer fan 58 nei 61.
chille
Henriëtte foel hast flau neidat sy hearde de wykpriis wûn te hawwen.

Fansels wie it Assaïdi fan SC Heerenveen dy ’t fan ‘e wike de measte punten pakte. Hy hie mar leafst 20 punten. Der is noch net ien yn de SDS League dy ’t him yn syn team hat. Wy binne benijd hoe ’t dat nei de winterstop liket.

“The Butchers” fan Lolke Bouma geane hielendal foar de poedelpriis dizze SDS League. Yn de lêste wike krije sy yniens konkurrinsje fan “Khstijaan”(Christian Hoekstra). It ferskil is mar 4 punten.

Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 13.