Weppers woansdei 14-12

Woansdei leiders-trainersgearkomst om 19.30
13 december 2016
Weppers tongersdei 15-12
15 december 2016

2e-leiders/trainersgearkomst

Jûn is der fanôf 19.30 oere de 2e leiders-trainersgearkomst fan dit seizoen yn de kantine. Alle lieders en trainers fan de jeugd hawwe in útnoeging krigen en wy hawwe al sjoen dat it tige de muoite wurdich is om hjir efkes te sjen. Mei syn allen meitsje wy SDS!

Fjildprogramma sneon

Yn it menu kinne jim bij ‘wedstriden’ sjen dat der sneon op it fjild mar ien wedstriid is. SDS JO15-1 spilet thús. Dit is net in ynhelwedstriid mar in wedstriid dy’t fier foarút spile wurdt. Sa kinne de jonges, trainers en lieders yn de foarjiersfakansje op wintersport. De wedstriid is om 10.30 oere.

Sealprogramma sneon

De jeugd giet wer los yn de KNVB sealkompetysje. It programma is ek dêr te finen.

Doelpuntenklassemint

Ek it doelpuntenklassemint is wer bijwurke mei de doelpunten fan Jelmer, Wichard, Henk, Sieta, Janieke en Hester ôfrûne sneon.

Topskoarder 3e-Klasse-A

It topskoardersklassemint yn de 3e-Klasse A kin opmakke wurde. Jelmer Posthumus docht it knap mei 10 goals. hy stiet hjirmei op it 5e plak. Opfallend de dielde kopposysje fan Sven Schram dy ’t mar leafst 12 kear skoard hat foar de nûmer ien nei lêst NOK. Sy makken yn totaal 20 doelpunten.

topskoarders3klasseawinterstop2016-2017

Ynhelje

Der stiet yn de twadde klasse noch ien ynhelwedstriid op it programma: Nijland 1 – CVVO 1. Dizze wedstriid wurdt tongersdeitejûn spile om 20.00 oere. Fanwege de krystgedachte is der fergees yntree

0 út 13

2016-12-13-16-22-05
Der binne 5de klassers (de leechste klasse) yn Nederlân dy hawwe nei 13 wedstriden noch net ien punt en in akelich min doelsaldo.  Dit binne yn Nederlân de 4 minste teams …..

Harsens derby (1805)

Aardige solo!!