Weppers tongersdei 15-12

Weppers woansdei 14-12
14 december 2016
SDS-League: ‘Salestijgers’ pakt wykpriis!
15 december 2016

?

Goeie opkomst 2e-trainers-liedersgearkomst

Juster hawwe wy in goeie byienkomst han, mei in hege opkomst. Fan hast elts team wie der in fertsjintwurdiger. Tjerk had de nije ideeën fan de KNVB taljochte, Foeke Reitsma hold in dúdlike ynlieding oer warming-up en blessureleed en Robert Schildkamp hold fanút de technyske kommisje in presentaasje oer de trainingsapp fan VTON. De oanwêzigen wiene tige yntresseare yn einliks alle trije underwerpen. Konkluusje mei wêze dat de betrokkenheid fan de frywillige teambegelieders grut is en dat wy der wat dat oanbelanget goed foar stean.

In tefreden foarsitter jeugdkommisje

Nijjiersresepsje sneon 7 jannewaris

Op sneon 7 jannewaris hawwe wy wer ús SDS-nijjiersresepsje. Dit kear gjin snertrin, mar in ûnderling fuotbalmikstoernoai, klaverjassen en in rûntsje rinnen foar de leafhawwers. Foar eltsenien wat, dus allegear meidwaan!
Nei de tiid is der muzyk fan Sipke de Boer en in hapke en in snapke fansels.
Moarn mear hjir oer!
Afbeeldingsresultaat voor sipke de boer

Kryst-7×7-toernoai

De famkes fan MO13 sille sneon yn Harns meidwaan oan in toernoai 7×7 op keunstgers. Zeerobben organisearet dit en sil soargje foar in wiere krystsfear mei krystman en snie en alles. It duorret fan 10.00-13.00 oere.

SDS-League

Jûn om 20.32 oere de nijste stân hjir op de webside!

Afbeeldingsresultaat voor sds league geduld

Krystsealtoernoai Frjentsjer

In ploegje (âld)SDS’ers docht wer mei oan it krystsealtoernoai fan Frjentsjer en mei sneontejûn foar it earst los. Jaap, Feite, Erik, Jacob-Klaas, Pieter, Sicco, Jehannes en Willem dogge dit jier mei as SDS. Dêrneist sjogge wy û.o. Bote Strikwerda, Wytze Lanting en Freek Tichelman yn Frjentsjer meidwaan en der sille fêst mear (âld)-SDS’ers wêze.

Sealtoernooi F-pupillen (JO-9 en Minileague)

Opjaan foar it F-pupillen toernooi fan kommende sneon 17 desimber kin op dizze link. https://goo.gl/forms/yBpopF9ZhDD0FQN73.
It begjint om 9.00 (8.45 der wêze).

Sealtraine

De JO-17 sil freedtejûn fan 19.00-20.00 oere traine yn de seal yn Easterein. SDS 4 hat dit justerjûn dien mei mar leafst 14 man. SDS 4 sil kommende woansdei wer fan 21.00-22.00 oere de seal yn.

Harsens derby (1806)

In échte schwalbe en in strafskop, mar de dieder gie nei de skiedsrjochter en joech oan dat it om in schwalbe gie. De penalty gie ferfolgens net troch.