Weppers woansdei 13-6-2018

SDS WK-league 2018
12 juni 2018
SDS-spullen ynleverje!
24 juni 2018

Hjoed (net mear op it keunstgersfjild)

Fanôf hjoed is it keunstgersfjild ticht. Der sil grut ûnderhâld oan barre en der kin dus net mear op traind wurde. Sa ’t it no stiet giet it wer iepen mei de earste training fan SDS 1 op sneon 11 augustus.
Sawisa is it net de bedoeling om bûten de wedstriden en trainingen op it fjild te kommen.

Juster


Yn de LC stiene juster juster hûnderten kampioensfoto’s fan fuotbal mar ek fan oare sporten. Tusken al dy kampioenen fûnen wij ek de foto fan SDS/Nijland 15-3

Juster


5 SDS-ers út Wommels wiene juster yn Littens dwaande om mei in iets lytsere bal fier te slaan. Dat slagge goed op it Iepen Frysk Kampioenskip Jeu de Pelote  mar net goed genôch. Menaam makke hast gjin flaters en sij skeakelen Jacob Klaas, Tjipke Klaas, Habtamu, Jaap en Eeltje út.

Juster


SDS VR1 hie juster in teamútsje. Wêr kinne je dat better hâlde as yn it Abe Lenstrastadion at Oranje dêr fuotballet.

Hjoed

De lêste dei om it formulier fan de SDS WK league yn te fullen en yn te leverjen, want moarn begjin it. Der kinne noch in pear bij…..

Moarn

It WK yn Ruslân begjint moarn. Foar wa’t it noch net wist …….sûnder Oranje.

Harsens derby (2033)

En wa wurdt der wereldkampioen?