Weppers woansdei 13-4

Weppers moandei 11-4
11 april 2016
Weppers tongersdei 14-4
13 april 2016

SDS 2 wint
De earste jûnwedstriid yn dizze maitiid waard in sukses. SDS 2 wûn mei 2-1. Bij it skoft wie it 1-0 troch in strafskop fan Pieter Kamstra. Nei it skoft kamen de Ljouwerters yn dat prachtige giel-blau op 1-1 nei in kreaze oanfal. It waard úteinlik 2-1 troch Pieter Sytsma.
Fia Twitter krigen wij fan de ferliezers noch dit troch: bedankt voor de zeer vermakelijke en sportieve wedstrijd. Lekker fel maar sportief. Veel succes verder

Ferslach SDS 2
Lions zette ons vanaf de aftrap redelijk onder druk, we kwamen er niet onder uit, en lukte dat wel, dan leden we net iets te snel balverlies, waardoor we niet konden opbouwen. In de 14e min een uitval van Lions en Jort moest, al dan niet opzettelijk, aan de noodrem trekken. Gelukkig voor ons en boor de wedstrijd kreeg hij “slechts” geel. In de 23e min kreeg SDS een penalty, en Pieter K schoof hem beheerst binnen. Tot de rust een gelijkopgaande strijd, maar de dikste kansen toch voor SDS.
In de 55e min verspelen we de bal op het middenveld en Lions straft dat direct in de omschakeling af, 1-1.
Daarna een open wedstrijd met toch de dikste kansen voor SDS, maar het “Engelse voetbal” van Lions bleef gevaarlijk.
In de 80e min weer een dikke kans voor Lourens, nu gaf hij de bal af aan de vrij staande Pieter S en die scoorde de 2-1.
Daarna nog wat kansen over en weer, maar gescoord werd er niet meer. Een leuke, spannende doordeweekse wedstrijd met 3 punten voor SDS 2.
Speciale dank aan de 3 A’s Lourens, Pieter en Martijn. Klasse!!
Boudewijn

Blaauw

In swiere delegaasje fan SDS ( Jelle -haadsponser en Daan (grinsrjochter en taktysk orakel) fierden yn it geheim op de Kanaarje eilannen ûnderhannelingen mei de nije trainerkoach fan SDS 3? No’t SDS 3 wer kampioen liket te wurden sil de KNVB hast wol in trainer-koach ferplicht stelle. Fandêr. Of kiest de Blaauw foar Kanaarje United 5?

SDS 1 yn Berltsum
At je fan foto’s sjen hâlde dan kinne je foar in fotoferslach fan SDS 1 yn Berltsum
hjir sjen.

Seal
Jûn 20.30 SDS 1 – Sneek Witzwart Boso 3 yn de Greidhoeke sporthal. Kom gerust efkes del, want it is de lêste thúswedstryd fan it seizoen.

Hamstringtiid……
It is wer skuorde hamstringtiid. Sneon foel Henk Postma nei 10 minuten by SDS 2 út y.f.m. in pijnlijke hamstringblessure en justerjûn wie ien fan de wepmasters by SDS 2 de pineut. Om te foarkommen dat der mear spilers dizze blessure oprinne; goed drinke (gjin bier neffens Dooitze), goeie warming-up en goed útrêsten oan in wedstryd begjinne.

Doelpunten
Wolle de doelpunten makkers fan SDS 4 fan ôfrûne sneon sich noch efkes melde en it kin toch net sa wêze dat at Harm Auke der net is de doelpunten net meitelle. Oan SDS 3 is de fraach dan ek: wa skoarde de doelpunten tsjin sc Bolsward 3, al wer mear as in wike lyn.

Hast……..
Bauke de Boer giet al 30 jier nei de thúswedstriden fan sc Heerenveen en keapet altiten in programmaboekje. Al dy jierren stiet hjir al in nûmer op wêr ’t je machtige prizen mei winne kinne as in oere fergees nei de sauna of te bowlen, in meubelcheque, 10% koarting op ferve of betink mar wat. Nea wûn Bauke de Boer in priis. Ôfrûne sneon sei Bauke syn frou Hitsje tsjin Bauke; “It soe dochs wolris moai wêze asto mei in meubelcheque thúskomst”. Bauke gie der foar en moast sawiesa in boekje hawwe mei it nûmer 10 der yn. Hy frege de ferkeapster en sy hie de boekjes yn de 800-serie. “Dan moat it 810 wurde!”, sei Bauke. It famke socht, mar koe him net mear fine. “Doch dan mar 808”, sei Bauke. Yn de rêst fan de wedstryd kamen de prizen op it grutte skerm en Bauke siet fol spanning. “De meubelcheque ter waarde van €400,- is gevallen op nummer………………. 810!!”
Wy tinke dat Bauke doe dwerstroch syn sitmeubel yn it stadion sakke is…..

Harsens derby (1705)
Zidane die it juster hast yn de broek by Real Madrid – Wolfsburg. Of wy kinne miskien better sizze; hy die it hast neist de broek…….