Weppers tongersdei 14-4

Weppers woansdei 13-4
12 april 2016
SDS League: Dooitze en Anne op stoom!
13 april 2016

Kantine
Fannejûn wurdt it wer in noflike jûn yn de kantine. Sjoerd Rispens stiet efter de bar en de Europa-League-kraker Liverpool – Borussia Dortmund is te sjen op it grutte skerm. Dêrneist traine der hiel wat lju al om 19.00 oere, dus wurdt it fêst al betiid drok.

SDS 1, 2 en A1 traine
SDS 1,2 en A1 traine jûn allegear om 19.00 oere.


SDS 3 en 4 traine
SDS 3 en 4 sille jûn ek wer traine. Sy begjinne om 20.15 oere.

Skorst
Jort Strikwerda krige tiisdei syn 4e giele kaart fan it seizoen, dus dat betsjut dat hy kommende sneon skorst is.

Dropferkeap

Ek C1 gie op stap mei doaskes drop en hopenlik kamen sij werom út Boazum sûnder drop.

SDS League
Spannend, spannend, spannend! De nijste stân fan de SDS League leit jûn yn de kantine en stiet hjir jûn let op de webside.

SDS DA-Fizel-aksje



Sneon 16 april

Kommende sneon spylje de folleyballers en follybalsters fan COVOS harren lêste thúswedstriden fan it seizoen. Nei de tiid is der dus muzyk yn de sporthal yn Easterein. Smûk sil spylje fanôf in oer as 21.00 oere. Nei de fuotbalkantine kin der dus noch wol efkes yn de sporthal sjoen wurde.
Oh ja:  om 17.00 oere kin COVOS 1 ek noch kampioen wurde mei help fan taskôgers.

Harsens derby (1705)
As SDS 1 yn de 3e-Klasse bliuwt troch de winnende goal yn de lêste minút tsjin Oudehaske fan Jelmer Posthumus, dan sjogge heare wy ien al sa oer de Skoalleseize balten; “Jelmer, Jelmer, ensfh.” Klik op Breuer foar it filmke.

VIDEO | Hahaha! Breuer heeft wel een hele grote fan bij Sparta...