Weppers woansdei 13-2

Weppers tiisdei 12-2
12 februari 2013
De SDS League! Doch mei!
14 februari 2013

Yn Snits traine
De trainingen yn Snits foar SDS 1, 2 en 3 kinne jûn sa ’t it no stiet gewoan trochgean(sjoch
hjir).

Woansdeitejûn sealfuotbaljûn
De sealfuotballers fan SDS 1 spylje jûn op ‘e nij thús. Jûn om 20.30 sille sy yn sporthal De Greidhoeke probearje Haskerland 4 oan de oerwinningskarre te binen.

Woansdeitejûn sealfuotbaljûn(2)
SDS 4 en 5 traine jûn wer fan 21.30-22.30 yn de seal yn Easterein. Allegear wer efkes in eurootsje meinimme.

Twitter
Wij krije op ús SDS twitter wol gauris fragen at it trainen ek troch giet. Dêr kinne wij meast op dat momint gjin antwurd op jaan. At wij fan immen troch krije dat it net trochgiet dan jouwe wij dat troch fia twitter of op de side. Dus at wij neat trochjouwe dan meije wij der fan út gean dat it trochgiet.

Alde doaze
Wij tinke dat 
dizze foto Jan ex Spar syn hert efkes flugger klopjen docht. It frouljus fuotbal yn de jierren 70/80 of soks sa wat.

Net fit genôch?
Foar SDS 1 is it miskien mar it beste as Jelmer Posthumus net hielendal fit is. Dan kin hy wol fuotbalje, mar wurdt hy miskien net op missie stjoerd(klik
hjir).

Âlde-lullentoernoai
It jierlijkse “Âlde-lullen-sealfuotbaltoernoai” fan Daan Boersma wurdt dit jier ferspile op snein 3 maart yn de sporthal yn Easterein. It begjint om 13.00.

SDS League
Doch ek wer mei oan de nije SDS League!
Klik
hjir foar alle ynformaasje. Graach sa gau mooglik ynleverje en yn elts gefal foar sneon 19.00.

Harsens derby(955)
Juventus wûn it wykein op sokken fan Fiorentina:



Letter miskien wol mear!