De SDS League! Doch mei!

Weppers woansdei 13-2
12 februari 2013
Weppers tongersdei 14-2
14 februari 2013

De oanmeldingen rinne wer stadich oan binnen, mar it soe moai wêze as der noch in hiel soad by komme.
Kommend wykein giet de SDS League los!

Klik hjir om je team yn te fullen.

De útlis en puntentelling en sa foar de twadde helte fan it seizoen 2012/2013 kinne jim hjir fine.

Jim team moat ynlevere wurde foar
sneon 16 febrewaris foar 19.00!

As jim oan de earste helte meidien hawwe en jim leverje net op ´e tiid in nij team yn dan dogge jim automatysk mei jim alde team mei.

Mochten jim noch foutsjes ontdekke yn de nije spilerslist mail it dan efkes nei
sdsleague@vv-sds.nl.
(wy meitsje de list mei help fan Competitiemanager.nl)


As je oan de earste helte meidien hawwe dan dogge je automatysk mei oan de twadde helte.

Je team moat bestean út:
1 keeper
4 ferdedigers
3 middenfjilders
3 spitsen

Je meie net mear as ien spiler per klup opstelle.

De kosten binne €12,50 per seizoenshelte.

Jimme kinne jimme teams wer ynleverje by:

Durk Okkema, Sjaardaleane 7, 8734 HP Easterein
of
by

Willem Wijnia, De Homeie 27, 8731 EC Wommels.

Ek kinne jimme jim team maile nei:
SDSLeague@vv-sds.nl


De stân kinne jimme eltse wike neilêze op dizze webside en eltse tongersdei hinget de nijste stân
yn ‘e fuotbalkantine.


Sjoch hjir foar û.o. de spulrigels.