Weppers woansdei 13-12

Weppers moandei 11-12-2017
11 december 2017
Weppers tongersdei 14-12-2017
14 december 2017

SDS 1 – sc Franeker zm 1


SDS 1 hat justerjûn yn in izich kâld Easterein mei 1-2 ferlern fan scFraneker (sneons). De 4de klasser, dy’t traind wurdt troch Lykle Bleekveld kaam yn de earste helte wol wat ferrassend op in 0-1 foarsprong, want SDS 1 hie de bal it meast mar koe net folle echte kânsen kreeare. scFraneker stie goed en bij ien fan de útfallen makken se de 0-1.  It hie ek noch wol 0-2 wêze kinnen, want Jaap Toering stoppe de strafskop dy’t takend wie troch skiedsrjochter Vinke.
Gelyk nei de tee kaam SDS op 1-1 troch in doelpunt fan Lourens van der Pol en gie SDS op syk nei de 2-1. De bettere kânsen wiene lykwols foar scFraneker en it wie dan ek net ferrassend dat dy ek noch foel. Yn it lêst noch in pear kânskes foar SDS mar doelpunten bleaunen út.
It fjild wie op in lyts hoekje nei goed te bespyljen, like it fan de kant.

SDS 1- WPB 1

Sa troch de jierren hinne hawwe  der al aardich wat konfrontaasjes west tusken SDS 1 en WPB 1 yn Easterein. Read is winst foar SDS, grien foar WPB en bij blau wie it gelyk

Programma kommende sneon

Foar kommende sneon in soad thúswedstriden yn it kader fan beker en kompetysje. Wat opfalt is dat alle trije JO 15 teams thús moatte foar de beker. It hiele programma kinne jim sa as altyd sjen yn it menu bij Programma.

 

Harsens derby (1961)

Hy is ynmiddels 37 jier, mar lit dy Ronaldinho mar skowe…………..eeeeeeeuuuuuuuuuuhhh skore…………