Weppers moandei 11-12-2017

Sneon 9-12-2017
8 december 2017
Weppers woansdei 13-12
13 december 2017

Al it trainen is ôflast!

Foar hjoed is al it trainen yn Easterein ôflast. It fjild efter de sporthal is noch te wiet en op it keunstgers leit tefolle snie.

Van der Eems ferlingt sponserkontrakt

Oefenje

SDS 1 sil tiisdeitejûn om 20.00 oere thús oefenje tsjin sc Franeker 1 (sneons). De klup fan âld-SDS-trainer Lykle Bleekveld. Kom gerêst efkes del, want de kantine is ek iepen.

Nije trainer vv Nijland

Foar folgend seizoen hat vv Nijland in nije trainer fûn yn de persoan fan âld-SDS-trainer Lykle Bleekveld. Lykle Bleekveld hat earder trainer west by vv Nijland en folget Douwe Posthuma op dy ’t nei SDS giet.

Clarence-bokaal

Ôfrûne sneon miste Anne Stenekes foar SDS 2 in penalty. Dêrmei fertsjinnet hy fansels ek in plakje yn de Clarence-Sluier-bokaal. Wy hienen noch wol in geskikte foto lizzen……..

Sa naam Anne de penalty heechstwierskynlik ek……….

Buro de Vries

Buro de Vries is noch ien fan aardichste programma’s fan Omrop Fryslân dat oerbleaun is nei de omslach yn belied bij de Omrop. Sneintemoarns wurdt it útstjoerd en ien fan de rubriken is “YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen”. Juster wie der oandacht foar it ferstjerren fan de  foar ús tige bekende Fries Hannes Nauta fan Easterein. Harkje hjir nei it fragmint.

Doelpunten

Dit wykein mar trije doelpunten bij de senioren en totaal leine de SDS’ers 116 yn it netsje.  Sjoch hjir.

Harsens derby (1960)

Mei dit waar is it al wichtich dat alles goed opwaarme is foar de wedstryd………….