Weppers woansdei 12-4-2017

SDS 2 kampioen!!
10 april 2017
Weppers tongersdei 13-4-2017
13 april 2017

Doelpuntryk

De SDS sealtsjes hawwe harren goed hersteld nei de wedstrriid tsjin Langweer, wêr’t ek wij it leaver ek net wer oer ha wolle. Tsjin sc Bolsward waard juster wol ferlern mar nei in doelpuntrike wedstriid. It waard 9-6 yn Boalsert.

Oan de wanten fan Johan Heerma sil it him net lein ha. Hij hat se amper in jier en se binne no al hast fersliten mooglik fanwege “grutte drokte” tidens wedstriden.

SDS VR1

SDS VR 1 spilet jûn om 19.00 oere yn Snits tsjin ONS VR2. It begjint om 19.00 oere.

JO13-3


Ek SDS JO 13-3 is sneon op de foto kaam.

Nea ferjitte

Boudewijn Kramer skreau  sneon dat it in kampioenskip fan SDS 2 is om nea te ferjitten… Hij wist doe noch net dat er noch wat op steapel stie yn dizze klasse. Heerenveense Boys 3 is út de kompetysje gien en dat betsjut dat SDS 2 noch in puntsje nedich hat. At dat sneon tsjin QVC  2 slagget, is it wer feest…

Oeral


Se binne oeral, dy Overallen. Sneon wie âld SDS spiler Samme Overal mei in jeugdploech fan AVV (Skylge) yn Easterein. In kompleet team mar gjin grinsrjochter. Dus belle hij syn heit en sa stie Klaas Overal sneon foar AVV (en net tsjin SDS) te flagjen yn in SDS trainingspak. De Overallen wûnen mei 0-2.

SDS 4 yn Hylpen


Fuotbalje yn Hylpen is leuk, mar it kin foaral ek moaie plaatsjes opleverje bij en yn dy prachtige kantine.  In serieuze groepsfoto dus, mar wat dy Eeltje dêr dan docht ……?

Harsens derby (1868)

Dankewol!