Weppers tongersdei 13-4-2017

Weppers woansdei 12-4-2017
12 april 2017
SDS-League: In nije koprinner!
13 april 2017

Kantine iepen

Fannejûn is de kantine fansels ek wer iepen en it beloofd in alderaardichste jûn te wurden want Gerrit Flsijn hat namelijk bartsjinst en fansels geane wy mei syn allen foar Ajax – Schalke ’04 sitten. Elkenien is wolkom!

Gelyk

SDS VR1 hat justerjûn 0-0 spile tsjin de koprinner ONS VR2.  It ferslach fan ien fan de froulju:
Der gongen we dan, op deze regenachtige waansdei te jûn richting snits. In de box wie it rustig, kaam it omdat we jûns spilen? Of soe it concentratie wese? Fuotbalje tsjin de koploper, hun ha de druk en wij net.
Wij woene krek sa fuotbalje as ofrûne sneon. Iedereen mei syn eigen taak en natuurlijk kânsen creëre. ONS sette metien goed druk, creërde een wereld oan kânsen. We spilen tsjin ONS VR2 maar der stoenen ek inkele spilster van VR1 in. Dit wy dan ek te merken. SDS knapte it verdedigend goed op en Alize keepte een super wedstriid. Earste helte hie it dan ek wol 10-0 wese kinnen foar ONS.
Twadde helte die ONS der nog een skepke bovenop. Twa hiele goeie kansen wist de verdediging samen mei Alize der ut te halden. Foaral in it earste ketierke nei de rust hy SDS it moeilijk, allinich maar de bal foart wurkje wie dan ek wat SDS oan it dwaan wie. Conditioneel wun SDS it en derom ha wy op it einde nog wat fuotbalje kennen. Mei alle energie die we hien bliewe fuotbalje en kansen probere te creëren.
In de leatste minuten nog een hele grutte kans van Hester, helaas wist de keeper deze krekt ut it goal te tikjen. Dernei nog een vrije traap van Akke rixt welke ek neist it doel belande. 0-0 Wie foar us it heechst haalbare foar hjoed, wij binne dan ek hartstikke tevreden en blij mei de punt!

SDS 2 kampioen

SDS 2 waard earder kampioen yn 2003-2004 koenen jim fannewike lêze hjir op de webside. Doe waarden se kampioen yn de Reserve-2e-Klasse. Yn 1995-1996 waard SDS 2 kampioen yn de Reserve-3e-Klasse. It jier derop promofearden sy krekt net lyk nei de Reserve-1e-Klasse trochdat ONT 2 yn syn lêste wedstryd yn blessuretiid in goal makke. Dêrnei moast der dus wachte wurde oant 2004 oant SDS 2 eindelijk yn de Reserve-1e-Klasse fuotbalje mocht.
Mar wa hat der noch in foto fan ‘SDS 2 kampioen 1995-1996’?
Neffens ús stiet Feite de Haan ek op dy foto. Hy soe dan yn sawol yn 1995-1996 as yn 2016-2017 kampioen wurden wêze mei SDS 2 en tuskentroch mei SDS 1 en SDS seal 1.

Oan-/ôfmelde

Mochten je lid ôf wurde wolle of lid wurde wolle by SDS wylst je no noch by in oare klup fuotbalje dan moatte je je foar 15 juny oan- of ôfmelde. De link fine jim ûnderoan dizze webside.

Stikkene/te lytse/te min broekjes en/of sjurts

Mochten je leider fan in team fan SDS wêze en der is wat mis mei de SDS-broekjes en/of sjurts dan kinne je it best efkes kontakt opnimme mei ús materiaalman Klaas de Haan. Hy hat altiten in passende oplossing. Ek as der b.f. te min of te lytse broekjes of sjurts binne. Klaas de Haan; tillefoannûmer 332182.

Alde doaze


Ferline wike hiene wij de E1 fan 1997… Dan dogge wij no de E2 fan dat selde jier… Miskien kinne jim se noch en miskien fuotballet er no ek noch wol ien bij SDS

Kollum fan Sjoerd

In leuk stikje fan ien fan ús favorite stikjeskriuwers Sjoerd Mossou.

Bal yn ‘e feart

By SDS falt der noch mar hiel sporadysk in bal yn de feart. Dat is mar goed ek, want by tiden fine je de bal hast net werom………(sjoch hjir).

SDS-League

Jûn om 20.32 oere stiet de nijste stân fan de SDS-League hjir wer op de webside. Mei in trochdewyks programma der by kinne jim der wol fêst rekken mei hâlde dat de hiele stân oer de kop gien is! Of falt it dochs mei en stiet ‘Frysk Bloed Tsjoch op’ noch altiten boppe-oan?

Harsens derby (1869)

In alderaardichste goal mei in alderaardichste assist: