Weppers woansdei 12-11

Douwe-Dirk Reitsma nimt ôfskie!
12 november 2014
Weppers tongersdei 13-11
12 november 2014

Standen
De KNVB hat alle standen wer bijwruke nei de wedstriden fan dit wykein. Jim kinne
hjir sjen hoe’t it der foarstiet mei de SDS fjild teams.

Snertrin en sa op sneon 3 jannewaris
Op sneon 3 jannewaris organisearret SDS wer de jierlijkse snertrin. Der sil wer in parkoer útsetten wurde foar drafers en rinners. Dit is sawol foar SDS-leden as lju dy ’t SDS in waarm hert tadrage. Nei de tiid sil der ienige ferdivedaasje wêze yn de kantine wat seker de muoite wurdich wurde sil. Set it fêst yn de aginda en kom 3 jannewaris allegear!

Woansdeitejûn sealfuotbaljûn
De sealfuotballers fan SDS 1 spylje jûn om 20.30 thús tsjin Haskerland 4.

Jesse

In grutske heit en mem, want Jesse de Vries begjint hjoed oan syn earste training bij Cambuur. Sa te sjen kin Nienhuis der mar om tinke….

SDS-hoodies foar jongens

Net allinnich foar de famkes en froulju by SDS hat MUTA-Sport spesjale SDS-hoodies ûntwurpen, mar ek foar de jongens. Dy fan de froulju is mei in lange rits en dy fan de jongens mei in lyts ritske. Beide binne te krijen yn de SDS-wepsjop. As jim no ien bestelle dan wurdt dy begjin jannewaris levere. Mocht Sinterklaas de boat nei Spanje misse dan kin dat noch krekt.

Beker
Sneon is der in beker- en ynhelprogramma. Foar SDS sitte MD1, E1 en F2 noch yn de beker. MD1 hoeft pas wer nei de winterstop los, mar E1 en F2 meie sneon los. SDS E1 moat om 9.00 thús tsjin Zeerobben E2 en F2 mei om 9.00 út fuotbalje tsjin Heeg F2.

SDS 2 siket trainer
SDS is noch altiten op syk nei in trainer foar SDS 2. Mooglik komt der yn de winterstop ergens in trainer frij dy ’t de twadde helte fan it seizoen SDS 2 hegerop helpe kin. Wy kinne ek noch efkes ôfwachtsje wat Letland sneon tsjin Nederlân docht………

Blesseard
Der misten juster in stik of wat spilers fan SDS 1 op trainen. Allegear hienen sy in goeie reden. De moaiste wie fan Erik Haitsma. Hy koe net fuotbalje, want hy hat wat yn it ear krigen. “Ferve”, rôp ien, mar dat kin net want it is snein bard. Wy sels tinke oan in ikel, want út ûnbetroubere bron hawwe wy fernaam dat Erik sneins wolris nei it bosk giet.

Dan moat in eekhoorn de ikel der snein mar wer útfiskje….

Movember
As SDS dogge wy fansels ek wat mei Movember. Inkelde SDS’ers binne al drok oan it sparjen foar in krease snor. Dizze wike sille wy fêst de earste foto fan iets fan in snorke binnenkrije liket ús sa ta. Of miskien tongersdeitejûn yn de kantine!

Jacob-Klaas moat in hiel skoft sparje foar ’t hy in snor hat!

SDS-League
Moarn kinne jim hjir wer de nijste stân fan de SDS-League ferwachtsje.

Harsens derby(1370)
Nei sa ’n knappe aksje meie je fansels neist je skuon rinne: