Weppers tongersdei 13-11

Weppers woansdei 12-11
12 november 2014
SDS-sealtoernoaien en -trainen jeugd
13 november 2014

Frijwilligerswurk
Op de ledengearkomst foarige wike wie in alderaardichst filmke te sjen oer hoe ’t je ien en oar oanpakke kinne binnen in feriening. Foar de lju dy ’t der net wienen kinne it hjirûnder noch efkes besjen. It is wier de muoite wurdich:


Jûn oefenwedstryd SDS 1 – Wykels Hallum yn Hallum.
Aanvang: 20.00
Vertrek: 18.30
Spelers: Sjoerd van Beem, Kristiaan Gaastra, Hendrik de Jong, Elger Turksma, Bauke Dijkstra, Wiebe Heeres, Teun Heeres, Tjipke Okkema, Erik Haitsma, Harm Stremler, Sjoerd de Vries, Ewout de Boer en Skelte Anema.


Tiisdei oefenwedstryd Wispolia 1 – SDS 2 yn Terrwispel 
Fertrek: 18.40
Fuotbalje: 20.00
Seleksje:


SDS 1 seal wint!

Justerjun mochten wy wer los yn de seal tsjin Haskerland 4, de nummer 3 fan de ranglist. Omdat we mar ien wikselspiler hienen wie der ofpraat om fan ut de ferdediging te spyljen Dit slagge prima en we hienen samar 2-0 op it skoareboerd(dat bestjinne waard troch Roel ,bedankt Roel) By rêst wie it 4-1 en wie it saak om dit fest te halden Nei een minút of 5 yn de twadde helte waard it dochs 4-2 maar doe rûnen  wy gemakkelijk ut nei 6-2. Mei noch een minuut of 8 op de klok koene wy de wedstriid utspylje en waard de einstan 8-3.

Mei in tefreden gefoel efkes ofspjille en in bierke.
Klaas


Sjoerd

Wij meie Sjoerd syn kollums altiten graach lêze. Ek juster wist er it wer moai te skriuwen. Sjoch hjir.

Jaap
Keepers kleie hieltyd faker oer swabberjende ballen. Wat te sizzen fan opspringende ballen. Sjoch
hjir.

“De clash of the snacks”
Foar SDS 1 sit it bekerseizoen der al op. Om dan sneon dochs noch fan bekerfuotbal te genietsjen om 14.30 moatte wy dus ergens oars sjen. Ús each is fansels fallen op SC Scharnegoutum – Pelikaan S. Twa 4e-Klassers dy ’t it tsjinelkoar opnimme sille. It is moai tichtby en wy sjogge de twa âld-SDS’ers Marco Hoekstra en Anne Stenekes wer ris efkes. Wy binne sneon hiel benijd wat Anne “Patat” útrjochtsje kin tsjin de spits fan Pelikaan S. Freddy “Frikandel”. Dizze spesjale spits hat dit seizoen alwer 19 goals yn it “fet” lizzen.

Sinterklaasje mei SDS 2
Moarn is it derop of derûnder foar de mannen fan SDS 2. De lotsjes foar de Sinteklazejûn fan tongersdei 4 desimber geane yn in grutte tonne. Fansels bliuwt de útkomst in grut geheim. Wol hawwe wy trochkrigen fan Sinterklaas dat de SDS-sokken ek dit jier wer heech steane op de measte ferlanglistjes.

En fansels de nije SDS-sjaal!

SDS-Look-a-likes
Foar de Treffer fan desimber binne wy wer op syk nei SDS-Look-a-likes. Fine jim in SDS’er op in fuotballer, in bekende Nederlander, in Dútser, in blomkoal, Doutzen Kroes of oars ien of wat lykjen mail ús dan in foto. It leafst fansels ek efkes mei de foto op wa ‘t jim degene lykjen fine. Wy binne hiel benijd.
Mail jim SDS-Look-a-like nei info@vv-sds.nl!



SDS-League
Jûn kinne jim hjir wer de nijste stân fan de SDS-League ferwachtsje.

Harsens derby(1371)
Dit sjogge wy Jaap of Sjoerd ek noch wolris dwaan yn de lêste minút: