Justerjûn is de wedstriid TOP ’63 1 – SDS 1 spile. It waard 0-0. Beide ploegen hienen it dreech mei it hobbelige fjild en hienen genôch muoite om elkoar te finen, lit stean de beide goals. De 0-0 wie dan ek in terjochte útslach.
Wiebe Heeres pakte juster syn 7e giele kaart fan it seizoen en is kommende sneon skorst.
Ien fan de lêste bekerwedstriden fan dit seizoen bij SDS. SDS JO15-1 tsjin sc Franeker JO15-2. De jonges út de akadeemjestêd spylje in klasse heger en dat wie dúdlik te sjen. Technysk wat feardiger en fysyk wat sterker. It wie foaral tsjinhâlde oan SDS side mei sa no en dan wat langer balbesit. Rêststân 0-4. Yn de twadde helte mear kombinaasje oan SDS side mei as útblinker Remi Bootsma dy’t him hielendal kapot wurke om der wat spul yn te bringen. Ek yn de tadde helte 4 doelpunten tsjin.
Mei de 0-8 nederlaach is it bekeravontoer oer.
De sealfuotballers fan SDS meie jûn ek wer los. Sy spylje om 20.00 oere thús tsjin Futsal Heerenveen 2.
In moaie brief fan de KNVB oer de begjinjierren fan SDS. Helaas hawwe wij it bijbehearende ferslach net finen kinnen. Sjoch hjir.
Juster by TOP troffen wy ek noch in âlde bekende. Klaas Okkema stie op in foto yn de bestjoerskeamer op in foto fan TOP 1 út de jierren ’90. Hy hat doe efkes trainer west fan TOP. Hy stiet 3e fan rjochts boppe op de foto.
Toet, toet!
Humillación nivel… 🤦♂️🤦♂️🤦♂️
Le hacen un caño y se lesiona 😂😂😂😂
[📹 Vía @GrassRootGoals_]pic.twitter.com/vzdSIXyaao
— Kirolbet.es (@Kirolbet_es) 31 maart 2018