Weppers tiisdei 10-4-2018

Sneon 7-4-2018
6 april 2018
Weppers woansdei 11-4-2018
11 april 2018

SDS 1 jûn nei TOP. Alle SDS’ers op nei TOP!

Jûn om 18.30 oere de wedstriid TOP 63  1 – SDS 1. In ynhelwedstriid yn de spannende tredde klasse A.
Kom SDS stypjen yn dizze wedstriid en kom mei syn allen nei TOP!

SDS JO15-1 bekert jûn ek

Yn Easterein jûn ek in bekerwedstriid fan SDS JO15-1 tsjin scFraneker JO15-2. It begjint om 18.30 oere op it B(eker)-fjild.

It begjint mei in K

In flaterke yn it ferslch fan JO 17-1. It wie net 2 kear Kent dy’t skoarde, mar Kent en Kevin

SDS JO19-1 jûn net yn aksje

Jûn yn Easterein soe ek de wedstriid SDS JO19-1 tsjin ONB JO19-1 wêze. Dit festijn giet spitich genôch net troch. ONB hat net genôch spilers. De wedstriid is fersetten nei tiisdei 17 april om 20.00 oere.

Skoare út in strafskop


SDS JO 19-1 koe sneon krekt net winne fan sc FranekerJO19-2. Nei in 1-0 foarsprong, waard it 1-2 en koe SDS krekt foar tiid noch op 2-2 komme troch in strafskop fan Wesley van de Wint.

Skuonneman


Jan de Jong is noch mar krekt út it wurk of hij hat al in baantsje: materialeman foar yn dit gefal Dirk. Krekt foar de wedstriid tsjin Workum 2 waarden de skuon ferwiksele.

De groetnis fan de Kanaryske Eilannen!

De sjurtstiper en de flagger fan SDS 3, Jelle de Jong en Daan Boersma, geane elts jier tradisjoniel nei de Kanaryske Eilannen. Hjir moetsje sy ek altiten âld-SDS-trainer Jaap de Blaauw en de frou. Jim krije allegear de hertlike groetnis!

Harsens derby (2008)

De kompetysje duorret noch sa ’n 6 wiken, dus dat betsjut dat yn Wommels it WK mei in wike as 8 ek alwer los giet. Hoe as dat yn syn wurk giet? In bytsje sa as dit filmke, allinnich dan sûnder bûtenspul……….. 😉