Weppers woansdei 11-12-2019

Dyn foto op de foarside fan de Treffer?
10 december 2019
SDS-League: ‘Aan de kant ik moet naar het stadion’ noch fier oan kop!
11 december 2019

Bekerwedstriid

Jûn yn  Ljouwert op sportpark de Magere Weide wurdt de bekerwedstriid LAC Frisia 1 – SDS 1 spile. It begjint om 19.30 oere. De trainer mei der mar 11 opstelle mar SDS kin wol in tolfde man brûke. Dat die ek yn it seizoen 1979-1980 fertuten…….

Tolfde man yn seizoen 1979-1980

Beker: LAC Frisia 1 –  SDS 1

It programma foar de seleksje fan SDS 1 sjocht der hjoed sa út:
18.00 vertrek uit Easterein
18.30 aanwezig in Leeuwarden
19.00 warming-up
19.30 aanvang wedstrijd
Dit is de seleksje: 1 Jaap©, 2 Luuk, 3 Marco, 4 Gerwin, 5 Remco, 6 Pieter, 7 Peter, 8 Frank, 9 Steven, 10 Matthijs, 11 Lourens, 12 Bauke, 13 Wiebe en 14 Hendrik of Habtamu

Seal jûn los

Ek de jonges fan de seal meie jûn wer los.  Om 21.00 oere komt Workum 4 lâns yn de sporthal yn Easterein.

Slitaasje

Juster is der grut ûnderhâld fan it keunstgersfjild west. It earste grutte slitaasjeplak is te sjen neist de penaltystip.

SDS-League

Jûn rûn in oer as 18.53 oere hinne kinne jim hjir de nijste stân fan de SDS-League wer ferwachtsje.

Lêste training

Tongersdei hat SDS 2 de lêste training fan dit jier. Okke sil dêrom wat hapkes fersoargje. SDS JO19-1 traint ek foar it lêst dit jier. SDS 1 traint ek foar it lêst of it moat al sa wêze dat de wedstriid fan sneon út tsjin Willemsoord ôflast wurdt en nije wike 21 desimber ynhelle wurde moat. Barkeeper Stefan van Krimpen stiet klear om jim allegear wolkom te hjitten yn de kantine nei it trainen mei in hapke en in snapke om it jier passend ôf te slúten.

Harsens derby (2190)

Ho!