SDS-League: ‘Aan de kant ik moet naar het stadion’ noch fier oan kop!

Weppers woansdei 11-12-2019
11 december 2019
Weppers freed 13-12-2019
13 december 2019

‘Aan de kant ik moet naar het stadion’ fan Sjoerd fan Beem giet noch fier oan kop en liket mei noch twa spylwykeinen te gean de titel net mear misrinne te kinnen. De nûmers 2 en 3 binne wol iets tichterby kaam, mar it fersil mei nûmer 2, ‘FC (Arjan) Hallema’, is noch altiten 24 punten en mei nûmer 3, ‘Man van Fiets’ fan Kris Gaastra en Thor Ruiter, 31 punten. ‘Kratje Bier’ fan Robert Hoekstra sakket fan it 2e nei it 4e plak en stiet no op 35 punten fan de nûmer 1.

Dizze wike binne der twa wykpriiswinners. ‘CD Guadelajara’ fan Pieter Kamstra en ‘Strikkies United’ fan Bote en Jort Strikwerda. Sy hawwe beide 63 punten en meie €12,50 diele. Johan Delfsma grypt mei ‘Loempia Vouwer’ wer ris krekt neist de wykpriis en komt 2 punten te koart.

In frjemde wike foar Jelmer Posthumus. In noflik wykein fuort west mei de familie, it earste ferlies fan Ajax yn de kompetysje, útskeakeling yn de Champions League foar Ajax en mei ‘XXXDappere strijdersXXX’ no noch stiver ûnderoan dan ferline wike. Hy hat no mar leafst 44 punten efterstân op ‘Hakim(Pieter) Sijtsma’.

 

SDS League 2019-2020 earste helte wike 11