Weppers woansdei 1-9

Weppers tiisdei 31-8
30 augustus 2010
Weppers tongersdei 2-9
1 september 2010

SDS DA1 en 2 oefenje jûn efkes
Hoi froulju,
Fannejun sille we as tarieding foar sneon dochs in mini partijtsje tsjininoar spielje.
De bedoeling is dat it leste ketier fan DA1 en it 1e ketier fan DA2 hjirfoar brukt wurde sil.
De froulju fan DA2 moatte dus in ketier hearder begjinne en de froulju fan DA1 binne in ketier letter klear.
Sa kin der in heal oere brukt wurde foar in partij, dit kin op it fjild efter de sporthal.
De trainers binne op ‘e hichte, ofmelde hoeft net by my (wol by de trainers foar de rest fan de training).
Groetnis Wiepkje
De dames fan DA 1 binne dan wol waarm (der soarchje wij wol foar) Foar de froulje fan DA 2 is it ferstandig at jim self efkes in warming up dwaan wolle fan te foarren.
Tot jûn..
Bauke Dijkstra

SDS 1 wint
SDS 1 hat juster de bekerwedstryd tsjin Oudega 1 mei 0-5 wûn. Neffens de webside fan VV Oudega makken de Âldegeasters it de SDS’ers knap lestich. Oan ’t in kertier foar tiid wie it noch 0-0, wylst de 5e-Klasser al in skoft mei 10 man fuotballe. Jim kinne it hiele ferslach lêze op
dizze webside. Fan hearen en sizzen hawwe wy dat Hendrik de Jong, Arjen P., Jacob von W., Harm en Tsjipke de doelpunten makke hawwe.

Ûndanks de 0-5 bliuwe de Âldegeasters laitsjen.

What a game, what a score!
D1 schotelde het talrijke publiek vanavond een fantastische wedstrijd voor. Strijd, passy, techniek, domme acties, te korte passes oogstrelende combinaties en fraaie goals waren zo de ingrediënten. Bij rust 2 -3 achter, na rust snel korte metten en uiteindelijk 7 – 4 winst. Dit was wellicht iets teveel van het goede, aangezien JVB d2, met allemaal eerstejaars D-spelers mooi voetbal speelde, met name in de eerste helft. Opmerkelijke details: De grensrechters stonden bij de start weer aan de verkeerde kant, Yward en Piter scoorden hun eerste D1 goal, Matthijs was niet te stuiten in de spits met drie goals, Frank ontpopt zich tot fenomeen op corner en vrije trap gebied. Koen en Sibren worden back of the year. Bij Sibren gaan er wel punten af, aangezien hij de tas met shirtjes liet staan. 
Tjerk
 

SDS 3 wint oefenpot
SDS 3 hat harren oefenkampanje knap ôfslúten mei in 1-0 oerwinning tsjin ONS 3. Pieter Kamstra makke de ienige goal.

Foto’s SDS 5
Anco Elgersma hie yndie wat foto’s makke op Skylge. Jim kinne 
hjir sjen wa’t fan gehak hâldt, in super strafskop, in superstrafskopkearder en utputte spilers.

Tuskentraining SDS 4,5,6
Der wiene dochs wer in man as 13 dy’t tiisdeitejûn efkes ballen op it skopfjild fan Wommels.

Enkête
Mark Postma docht foar SDS in ûndersyk nei it jeugdbelied fan SDS. Om in goeie yndruk te krijen wol hij safolle mooglik ynformaasje sammelje. Dy ynformaasje moat bij leden wij komme.
Jim kinne
hjir sjen wat Mark allegear witte wol.
It is in fragenlist en mei klam freegje wij jim om dêr efeks nei te sjen. It ynfullen duorret sa’n 15 minten. De enkête kin fia
dizze link ynfuld wurde.
Doch it gelyk, doch it no.

E3
De earste kompetysjewedstriid fan E3, kommende sneon giet net troch. Yn Sint Nyk hawwe se in feest en dêrtroch kin der net balle wurde.

Ynhelje
SDS 1 sil de bekerwedstryd tsjin De Wâlde ynhelje op moandei 6 septimber om 18.30 yn Easterein.

Harsens derby(280)
Eeltsje Sikke Postma hie juster de goal fan Pieter Kamstra foar SDS 3 graach orisjineel fiere wollen. Dit waard him net. Oars hie dit in idee wêze kinnen: