Weppers tiisdei 31-8

Weppers moandei 30-8
30 augustus 2010
Weppers woansdei 1-9
31 augustus 2010

SDS 1
Noch efkes yn de herinnering. Jûn spilet SDS 1 tsjin Oudegea 1. De twadde bekerwedstriid dy’t om 20.00 oere begjint. De seleksje stiet bij de weppers fan snein.

SDS 3
Sille jûn nei Snits. ONS 3 is de tsjinstanner. De seleksje stiet bij weppers moandei.

De rest
De rest fan A en B seleksje hat trainen om 19.00 oere. De útnoege spilers steane bij de weppers fan moandei.

SDS 4,5 en 6
Foar 4,5 en 6 jun noch in ekstra oefenpotsje om 19.30 yn Wommels.
Sytse Hibma

D1
Neffens it programma hat D1 jûn in bekerwedstriid yn Easterein. Om 19.00 oere tsjin jv Bolsward D2. Wij geane der fan út dat it troch giet.

Fersekere
As dizze man syn hier fersekere litten hat foar 1 miljoen dollar(klik hjir) dan freegje wy ús ôf foar hoefolle ien fan de wepmasters syn burd dan wol net fersekere hat.

Harsens derby(279)
Ien fan dy maskottes kin ek sa mei as lêste man by Sevilla: