Weppers tongersdei 2-3-2017

Weppers woansdei 1-3-2017
1 maart 2017
SDS-League: FC Van Tuinen pakt de wykpriis!
2 maart 2017

SDS seal

SDS seal hat justerjûn spile tsjin ZVF 1. It moat in moaie pot west ha, want de einstân wie 7-6 foar SDS.

Oefenje


Der wie justerjûn in oefenwedstriid fan twa jeugdteams mei as doel de nije lichting skiedsrjochters de kâns te jaan om efkes in stikje wedstriid te fluitsjen. Alle 10 minuten kaam der in oare skiedsrjochter yn it fjild.

Kantine iepen!

Fannejûn is de kantine fansels ek wer iepen en it beloofd in alderaardichste jûn te wurden. Sjoerd Rispens hat namelijk bartsjinst en op it grutte skerm kinne wy de bekerstriid tusken AZ en sc Cambuur sjen. Oant jûn!

Bekerje mei SDS-rantsje

Scharnegoutum 1 ferlear sneon foar de beker mei 4-1 fan 1e-Klasser Leek. Neat om je foar te skamjen fansels, want de wedstryd waard ek noch spile yn Leek. De wedstryd hie ek noch in SDS-rantsje, want 2 jongens fan de ST. SDS/Scharnegoutum JO19, Jacob Visser en Kees Sinnema, sieten ek by de seleksje fan Scharnegoutum. Sjoch hjir foar it wiidweidige ferslach fan de webside fan vv Scharnegoutum.

Mei de bus………

De supporters tochten it wykein in goeie grap út te heljen troch de bus fan tsjinstanner Middlesbrough hielendal oer te spuitsjen as Crystal-Palace-bus. Spitich genôch die efterôf bliken dat it harren eigen bus wie………….
Crystal Palace team coach

Stim op SDS!

SDS docht mei oan de sponsermuntenaksje by de Poiesz. Je kinne ekstra munten fertsjinje as je stimmen binnenhelje. Jim kinne hjir stimme. It is yn 2 tellen klear en it docht net sear. Je kinne sels ek noch Poiesz-weardebonnen winne. Oh, ja! Jim kinne trouens eltse dei stimme! En stim oars efkes mei it hiele gesin!
Net stinne, mar stimme!!

Stimme

No ’t jim dochs oan it stimmen binne kinne jim ek moai stimme op âld-SDS’er Pytrik Hiemstra. Hy wol graach meidwaan oan Expeditie Robinson. Klik hjir en stim op Pytrik! As hy by de earste 50 komt dan sit hy al yn de foarrondes.

SDS-League

De nijste stân fan de SDS-League leit jûn yn de kantine en stiet rûn in oer as 20.32 hjir op de webside!
Soe FC De Rick fan de Kaktus noch boppe-oan stean?

Alde doaze


In foto út 1986 fan SDS 1 mei Steand: Henk, Henk, Klaas, Frans, Tjeerd, Henk, Ids, Wim, Wouter, Hendrik, Foeke en Tinus
Sittend Auke Jetze, Douwe-Dirk, Gerrit, Jappie, Sjoerd, Nico , Ulbe en Jaap.

Harsens derby (1841)