Weppers tongersdei

SDS League: Mathor pakt de wykpriis!
22 oktober 2008
Seleksjes sneon 25-10
24 oktober 2008

Gjin keeperstrainen
Fannejûn spitich genôch gjin keeperstrainen. Marten en Jaap binne beide ferhindere.

Sterk door strijd
Fan de ôfkoarting SDS kinne je hiel wat meitsje. Bij Hollandscheveld, de tsjinstanner fan SDS 1 kommende sneon, hawwe se harren eigen oersetting. Sjoch
hjir harren foarbeskoging foar kommende sneon.

Futsal
SDS 2 wint mei 4-2 fan Workum 4. By de rêst wie it 3-0. Yn de twadde helte like it noch efkes spannend te wurden neidat it 3-2 waard, mar úteinlik makke Johan Dotinga der 4-2 fan. De oare goals waarden makke troch Pieter, Ids en André.

Pingel
Janneke van Elshout mailde ús noch in aardige foto fan ôfrûne sneon. Hjir skoort Sieta Tessemaker út in strafskop.

De keeper hat gjin kâns.

Aant-side
Lokkich genôch hat Aant in nij plak fûn foar syn webside. Hy hat him wer ûnder de snelbinders wei helle en hjir delplante:
http://datfynik.blogspot.com/

Feyenoord – SC Heerenveen
It personiel fan de Jimbar hat in moaie dei útsocht foar harren personielsfeestje. Kommende snein hawwe sy in útsje. Yn de Jimbar sil it dan in drokte fan belang wurde, want fanôf 16.30 is hjir Feyenoord – SC Heerenveen te sjen. Lit de doar dus mar los, Anne. Wy rêde ús wol! 

Kapsels
Foarige wike koenen jim hjir meidwaan oan de kapselkwis. Hjoed steane
hjir de antwurden.

Mis
Somtiden sitte der bettere keepers op de tribune as yn ‘e goal. Dizze keeper op de tribune is neat better……….


Nijs?
Mail it nei
info@vv-sds.nl!