SDS League: Mathor pakt de wykpriis!

Weppers woansdei 22-10
21 oktober 2008
Weppers tongersdei
22 oktober 2008

Nei 2 wiken is it dan eindelijk net Lolke Hofstra dy ’t de wykpriis pakt. Wol bliuwt de wykpriis yn Wommels. It is “Mathor” fan Thor Ruiter en Martin Rienstra dy ’t de wykpriis pakt mei 49 punten. Dit binne der krekt 5 mear as Lolke.

Lolke rint mei Hallo Venray wol wer in puntsje út. Runner up Gert-Jan Hiemstra pakt dizze wike krekt in puntsje minder.

It wie hast “
Banzai” foar Appie Posthumus. Spitich genôch kaam hy krekt 2 puntsjes te koart foar de wykpriis.

No ’t de rissultaten fan SC Cambuur wat regelmatiger wurde bliuwt “Vakkie 13” fan de bruorren Haitsma ek aardich konstant. Sy lykje no al fêstruske op plak nûmer 4. Krekt nêst it erepoadium sis mar.

De spilers fan “Altyd Boppe-oan”(Doiitze Nauta) moatte hast mar ris efkes by de soigneur lâns. Dit wykein wienen sy net foarút te brânen en sakken fan 7 nei 24.

“Sa Sawat” fan Klaas Pompstra docht it dizze wike hielendal net gek mei 30 punten. Mar sy bliuwe al stiif lêst……….. 

Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 3.