SDS-League: Wykpriis falt yn Beringe!

Weppers tongersdei 9-3
9 maart 2017
Weppers freed 10-3-2017
10 maart 2017

Foto fan Sytze KooistraDe SDS-League wurdt hieltiten ‘ynternasjonaler’. Ferline wike foel de wykpriis al yn Warkum en dit kear sels yn Beringe. SDS’er om útens Sytze Kooistra pakt mei ‘Alles heej is VVV…!’ de wykpriis mei 39 punten. En dat op de dei dat pake en beppe 55 jier troud binne! Dûbel lokwinske!

Sytze hat krekt 1 puntsje mear as ‘Hiemstrapower’ fan Marrit, Niels en Jorn Hiemstra. ‘Hiemstrapower’ wol fansels ek graach in wykpriis no ’t harren heit Gert-jan ek al ien wûn hat. Sy hawwe dizze wike yn elts gefal net folle konkurrinsje fan him, want hy hie mar 8 punten………..

‘De Rick fan de kaktus’ is syn kopposysje kwyt. Dizze wurdt ‘ynpikt’ troch ‘Grinzer’ en SDS’er om útens Klaas-Bouke Faber mei ‘FC Boekelaar’.

De joker dizze wike wie Hector Moreno fan PSV. Hy hie de nul, wûn mei 4-0 en pikte efkes 2 goals mei. Hy hie mar leafst 17 punten. Dat is in hiel ferskil mei de ferdedigers fan Feyenoord en Ajax dy ’t dit wykein 1 as 0 punten hellen.

‘Jimbar’ fan Anne Brouwer en ‘DTD’ fan Dooitze Nauta foldocht it wol op de grins fan de top 10. Sy bliuwe dêr yn elts gefal dizze wike noch stean. Sy wachtsje heechstwierskynlik oant de lêste wiken en sille dan soargje by de earste twa te kommen.

‘Maccabi Marco’ (Rijpkema) stiet noch altiten stiif lêst en rint twa punten út op ‘Op naar de Coolsingel’ fan Dirk-Yde Sjaarda. Marco sparret him fansels foar de derby sneon tsjin WPB!

 

Sjoch hjir foar de nijste stân: SDS League 2016-2017 twadde helte wike 4