Weppers tongersdei 9-2

Weppers woansdei 8-2
8 februari 2017
Weppers freed 10-2
10 februari 2017

SDS 3 en 4 wer los

SDS 3 en 4 sille jûn foar it earst wer traine yn it nije jier.

SDS seal


Justerjûn wie de wedstriid SDS 1 – Workum 4 yn de sporthal yn Easterein. It waard in spektakel. Workum is koprinner en wie fan doel om SDS mei dikke sifers te ferslaan. Dit slagge yn de earste helte aardich, want by de rêst wie it 1-6 foar de Warkumers. Lyk nei de rêst waard it sels 1-7. SDS hie gjin wiksels en Warkum hie in hiele bank fol, dus SDS wie ryp foar de slacht. It rûn efkes oars. SDS rjochte de rêch en like harren yn de earste helte sparre te hawwen. SDS kaam werom oant 5-7 en krige kansen op mear. De einstân waard úteinlik 6-8.

Drokke jûn


Oan it skoareboerd justerjûn yn de seal Geert Dijkstra. Hij waard bijstien troch soan Harm Auke, want SDS moast tsjin de koprinner en de ferwachting wie dat der wolris in doelpuntsje falle koe ….

Kantine

Afbeeldingsresultaat voor jan stenekes

Jan nimt der fêst ien op!

Jûn is nei it trainen de kantine fansels wer iepen. It kin wolris drok wurde, want SDS 3 en 4 begjinne ek wer te trainen. Dêrneist kin de SDS-League moai ynfuld wurde en is barkeeper Jan Stenekes ek noch jierdei! Gekkenboel! Komme dus!

Alde doaze


In nijsgjirrich berjocht út in âlde Treffer fan 1980.

Programma sneon

Jim kinne it folseine programma fan sneon hjir fine. Der binne wer tal fan kompetysjewedstriden en û.o SDS 1 , SDS JO 19-1 en SDS VR1 moatte thús.

Southpark

Miskien kinne jim se noch: de SDS Southpark popkes. In grut ferskaat oan popkes dy’t makke binne troch meardere kreative SDS-ers. Mar se binne wol in jier as 5 âld. Dat betsjut dat net alles mear klopt. Sa sjogge wij Sjoerd van Beem mei in sigret yn de mûle wylst hij echt net mear smookt. Miskien is it tiid om wer nije kreative minsken de kâns te jaan om wer nije popkes te meitsjen.

Harsens derby (1834)

Knappe assist……………..