Weppers woansdei 8-2

De nije SDS-League! Doch ek mei!
7 februari 2017
Weppers tongersdei 9-2
9 februari 2017

Fuotbalseizoen begjint letter

Fanôf folgend seizoen begjint it fuotbalseizoen letter as oare jierren. It is de bedoeling dat der net mear yn de simmerfakansje fuotballe wurdt. Dat betsjut dat de bekerkompetysje no begjint op sneon 2 septimber en de kompetysje op sneon 23 septimber. Dit betsjut ek dat de kompetysje pas ein maaie klear is ynstee fan begjin maaie. Neikompetysjes wurde dan pas yn juny ferspile. De winterstop wurdt ek wat langer en is foar in pasrt fleksibel. Sjoch hjir foar it artikel fan de KNVB.

Spyldagenkalinder 2017-2018

Dat betsjut dat de spyldagenkalinder der oars út komt te sjen foar 2017-2018. Jim kinne him hjir besjen. Dy fan dit seizoen kinne jim hjir besjen.

Op keunstgers

Der binne klups dy ’t wol in keunstgersfjild hawwe, mar hjir net harren wedstriden op fuotbalje lykas sc Joure 1 en DTD 1. Fanôf dizze wike moatte sy as it gêrsfjild net goed genôch is om op te fuotbaljen ferplicht útwike nei it keunstgersfjild (klik hjir).

Woansdeitejûn sealfuotbaljûn

De sealfuotballers fan SDS meie jûn wer los. Sy spylje yn sporthal de Greidhoeke yn Easterein om 21.00 oere tsjin Workum.

SDS-League

Dizze wike allegear efkes in SDS-League-ynskriuwformulier ynfulle! Jim kinne him hjir fine. De earste teams falle ynmiddels hjir al op de doar- en eamelmatte. Hy moat ynlevere wurde foar kommende sneon 19.00 oere. Dizze webside kin foar sommige lju in handige webside wêze, al kinne wy gjin garansje jaan op in dikke priis………….

Kantine

Afbeeldingsresultaat voor jan stenekes

Jan nimt der fêst ien op!

Tongersdeitejûn is nei it trainen de kantine fansels wer iepen. It kin wolris drok wurde, want as it meisit begjint SDS 4 ek wer te trainen. Dêrneist is barkeeper Jan Stenekes ek noch jierdei! Gekkenboel! En komme dus!

SDS-ers der op út


Fuotbal belibje yn Ingelân dat hawwe in hiel soad SDS-ers wolris dien. Nei NewCastle mei de boat, nei Liverpool en Londen mei it fleantuch binne leuke tripkes. In wedstryd sjen en belibje en efkes yn it waar sjen.
Dit wykein wiene der trije SDS-er yn Londen: Wouter Hylkema, Menno de Vries en Friso Albada. Sij hawwe elke minút dat se dêr wiene oandacht jûn oan fuotbal en stadions. Sij wiene bij Crystal Palace – Sunderland (0-4) , se wiene bij Brentford FC – Brighton & Hove Albion FC (3-3) en sij seagen rûn bij de stadions fan Chelsea en Fulham.  Gelokkich hiene se ek noch efkes tiid om ien te drinken yn Stanhope Arms, in echte fuotbalkroech.

DJ Wim yn de après ski!

Sneon nei de wedstryd SDS 1 – Willemsoord 1 sil DJ Wim de muzyk fersoargje yn de fuotbalkantine. Mocht dit waar wat trochsette dan sil it wol aprés-skiën wurde! 😉

Harsens derby (1833)

Mocht SDS 1 sneon efter stean dan stjoere wy yn de lêste minút Appie Posthumus mei in bal it fjild yn.