Weppers tongersdei 8-5

Weppers woansdei 7-5
6 mei 2014
SDS League: wike 11(einstân)
8 mei 2014

Gjin trainen
C1 hat jûn gjin trainen.
Pieter

Ek gjin trainen
D4 hat hjoed gjin trainen.
Libbe


SDS F1 wint
SDS F1 hat juster mei 4-1 wûn fan SCharnegoutum F1.

Fankaart
In nijsgjirrige kaart wêr’t de seizoenkaarthâlders sitte fan de betelle klupt yn Noard Nederlân. Foar Cambuur is der noch hiel wat te winnen en foar sc Hearrenfean noch hiel wat te ferliezen. Sjoch
hjir.

Stikje musyk
Sneon sil der nei de lêste wedstryd fan SDS 1 dit seizoen tsjin Berlikum 1 in stikje muzyk wêze yn de kantine. Gerrit Poortinga út Dronryp sil der foar soargje dat it dak derôf giet! Krekt as yn Ljouwert. Sjoch
hjir.

Programma sneon
Foar it meast aktuele programma kinne jim altiten sjen op ús foarside. Klik op it giele logo en sjoch de útwedstriden en de thúswedstriden op de ferskillende tabblêden.
Foar de skiedsrjochters is it wol handich om hjir efkes te sjen.

Kampioen?
SDS E3 kin sneon as earste SDS-team kampioen wurde yn de foarjierskompetysje. Sy spylje om 10.00 thús tsjin nûmer 2 SWZ E8. Alle heiten, beppes, omkes, memmen, tantes, buorlju, pakes en eltsenien oars is wolkom!

Ferlet ferslach fan F4
Ik binne jimme noch in ferslach skuldich fan de wedstriid fan ôfrûne sneon. Wy moasten dit kear nei Aldegea. In oantal spilers wienen d’r net en ik wist ek net seker as Bartele d’r wer by wie, dus ik hie fersterking kriigen fan Rutger Altenburg. Rutger moast earst efkes wenne, mar hie al gau syn plakje fûn. En wat hie hy in dreamdebuut! Yn de twadde helte kriig hy de bal en skeat fanôf de middenline fan it F4 fjild. Mei in moaie boog skeat hy de bal efter de keeper yn de goal! Wauw! Letter hat hy noch ris twa kear skoort. Tige tank Rutger dasto mei fuotbalje woest!
Yn it begjin wie it sûver wat sneu foar de mantsjes fan Aldegea, want nei 4/5 minuten wie it ek al 4-0…! It gong wer rap. Neffens myn boekje hie Jesper 6x, Stern 2x, Yke 3x, Bartele 3x ( ja hy wie d’r wer by, super!!) en Tom1x it doel rekke. Mei de 3 fan Rutger kaam ik op 18 doelpunten, mar de skieds hie 17 streepkes op it briefke stean. Ien fan de doelpunten wie dus net in doelpunt mar ik kin jimme net sizze welke as dat wie…! No ja, dit wie wer in flinke opstekker.
No sneon komt it d’r op oan: út tsjin Mulier. Die stean twadde mei mar 3 punten efter ús. Thús hawwe wy fan harren wún mei 4-1. Ris sjen hoe as it sneon gjit… Bin sûver al wat senuweftich….
Anneke

Eigen ranglist
Ajax mei dan wol kampioen wurden wêze, it AD hat syn eigen klassemint. En dat sjocht der hiel oars út. Sjoch
hjir.

Harsens derby(1268)
En dan nei te gean dat dy lju ek noch allegear op elkoar lykje…….