SDS League: wike 11(einstân)

Weppers tongersdei 8-5
7 mei 2014
SDS League: "Algemeen Fons" kampioen!
8 mei 2014

Dizze edysje fan de SDS-League is wûn troch “Algemeen Fons” fan Sjoerd Rispens. Fan ’t winter is hy spesjaal nei Las Vegas west om de kneepkes fan it gokken ûnder de tomme te krijen en dat is aardich slagge………


Alles op read!

Stefan van der Velde die mei “Gouden Loekie” oan ’t it ein mei om de earste priis, mar moat genoegen nimme mei de twadde.

Tsjalling Sikma docht mei “FC Dronryp” op ‘e nei goeie saken. De foarige edysje eindige hy as 1e en no as 3e.

Kristian Gaastra seit yn de lêste wike “Yabadabadoo” nei de prizen en sakket fan 8 nei 19.

Jaap Toering hat mei “Torpedo Toering” wer in knappe SDS-League hân. Fansels is 17e net heech genôch foar de prizen, mar hy pakte wol moai in wykpriis en folle wichtiger noch; in kratsje bier. Hy eindige namelijk fier boppe “Aan de kant ik moet naar het stadion!” fan Sjoerd van Beem(50e).

Jan Mulder docht mei “Bulder” noch efkes in flinke goai nei de kopposysje fan it rjochterrijtsje. Dit levert him krekt de “kopposysje” net op, mar wol de wykpriis.

Op wat foar basis “Id’s mei life” fan Ids de Boer koprinner fan it rjochterrijtsje wurden is witte wy ek net, mar wy litte it moai sa. Sawol sweager Ralph Wariman mei “Don’t Wari”(ek wol “Badr Wari”) as “Bulder” fan Jan Mulder hawwe likefolle punten as Ids. De kompjoeter hat dêroer bepaalt dat Ids de €12,50 wint as koprinner fan it rjochterrygje. Dat komt net gek út no ’t Ralph en Jan beide al in pryske hienen.

Ús komplimenten foar “FC De Boer” fan Rients de Boer. Direkt yn wike 1 pakte hy de reade lantearn en hat him net wer ôfstien. Mei rjocht dus de poedelpriis foar him!

Mar leafst 20 lju wûnen dizze edysje fan de SDS League in pryske. Wy kinne spultsjes wêr ’t je minder kâns op in priis hawwe………..

Oan ’t de SDS-WK-League!!

Sjoch hjir foar de einstân:
wike 11.