Weppers tongersdei 8-1

Skoalleseize skjinmeitsje!
7 januari 2015
Weppers freed 9-1
9 januari 2015

OFK (4)
Ôfrûne freed gie it Iepen Frysk Kampioenskip Sealfuotbal (OFK) wer los yn Frjentsjer. Jûn meie de âld-sealfuotballers fan SDS 1 los.
Yn 2008 wienen it de studinten fan Drs. Vijfje dy ’t it wûnen. Sawol SDS 1 fjild as seal die it ek net gek troch beide yn de finaleronde te kommen, mar foelen net yn de prizen.
Dit kear is Drs. Vijfje 1 al útskeakele. De Drs. Vijfje fan 2008 wûnen juster wol as Exstudiantes fan SDS 1 fjild, mar gienen net troch. Drs. Vijfje 2 sit jûn yn de poule by SDS 1 seal.
By de froulju gie de winst nei HZVV. Sjoch
hjir.

SDS 1 (âld)seal jûn op it OFK (update 18.00 oere)
SDS 1 (âld) seal fuotballet jûn mei Sjoerd van Beem, Feite, Tsjipke, Jacob-Klaas, Harm, Peter en Willem op it OFK yn Frjentsjer mei hooplik in bult SDS-supporters op de tribune. Robert Sybesma docht (foar 90% wis) spitich genôch net mei. Hy hat tefolle lêst fan de knibbel.
Ek Jan-Simon kin der net by wêze. Lokkich genôch set Sjoerd van Beem alles op alles om op tiid yn Frjentsjer te wêzen.
SDS spilet de earste wedstryd om 19.30 tsjin Blauw-Wit zaal yn de grutte hal rjochts. Sjoch
hjir foar de rest fan harren programma.

SDS 1 fjild net troch op it OFK
Tank sy Enne J Bruinsma waarden wij justerjûn fia twitter aardich op de hichte brocht fan de ferrrjochtingen fan SDS fjild yn de seal.
SDS – Berlikum 1-3…doelpunt Jelmer en earder einige troch swiere blessure oan Berltsumkant
SDS- sc Franeker 0-2
SDS- Leekster Eagles 1-2 dp Skelte
SDS – Tzummarum 4-2 dp Jelmer(2) Erik, Skelte
SDS – Exstudiantes 1-2 knap doelpunt Jelmer
SDS is net troch

De Tichelmannen wol troch op it OFK
De âld-SDS’ers Freek en Jehannes Tichelman hawwe harren tiisdeitejûn mei Knickerbockers al pleatst foar de finaleronde kommende sneon fan it OFK. Mocht SDS 1 seal dus jûn net trochgean dan is it dochs noch de muoite wurdich efkes om yn Frjentsjer te sjen.

Ferkearde sjaal

Hofleveransier yn dizze rubryk is scHearrenfean. Dizze komt fan souder bij ien fan in wepmaster, wie fier fuortstoppe yn de eardere wittenskip dat dit in ferkearde sjaal is.

Seal
Jûn om 21.00 oere giet SDS 4 en 5 de seal yn. Fansels nimme se in eurootsje mei.

Skjinmeitsje
Wij freegje noch efkes bysûndere oandacht foar kommende sneon at it foarjier troch it kantinegebou wierret. It grutte skjinmeitsjen: at der no safolle mooglik minsken efkes meidogge dan sjocht er jûns wer spicenspan út. Sjoch
hjir foar it opjaan.

Harsens derby (1407)
Sokke “ballenjongens” binne ek wol makkelijk by it fuotbaljen. Sy binne efentueel ek noch yn te setten tsjin streakers.



Letter mear!